De Amerikaanske dwerchmûzen (wittenskiplike namme: Baiomyini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae). Ta dizze tûke hearre 4 soarten, ferdield oer twa skaaien. Dizze tûke moat net betize wurde mei it lyknammige, bekendere skaai fan 'e Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomys), dat der diel fan útmakket.

Tûke-opbou

tûke Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomyini) skaai Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomys): 2 soarten skaai brune mûzen (Scotinomys): 2 soarten

Kategory:Wrotmûseftige