De wytpoatmûzen of echte hartemûzen (wittenskiplike namme: Peromyscus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae) en de tûke fan 'e hartemûzen (Reithrodontomyini). Ta dit skaai hearre likernôch 75 soarten mûzen dy't foarkomme yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, mar fral machtich binne yn 'e kontinintale Feriene Steaten en Meksiko.

Taksonomy De wytpoatmûzen waarden as taksonomysk skaai yn 1841 yntrodusearre troch de Prusyske soölooch Constantin Wilhelm Lambert Gloger. De wittenskiplike namme Peromyscus komt fan it Gryksk foar "mûzen mei learzens oan", wat slacht op 'e ljochter kleure bealch en poaten fan 'e soarten fan dit skaai.

Fierdere beskriuwing Hoewol't de wytpoatmûzen net mear as út 'e fierte besibbe binne oan echte mûzen (lykas de hûsmûs), lykje se dêr tige op wat postuer en lichemsfoarm oangiet. Dat is it resultaat fan in proses fan konverginte evolúsje. De bekendste en meast rûnom foarkommende soarten yn Noard-Amearika binne de nau oaninoar besibbe eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus), westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis) en wytpoatmûs (Peromyscus leucopus).

De eastlike hartemûs, de westlike hartemûs, de súdlike hartemûs (Peromyscus labecula), de gambelhartemûs (Peromyscus gambelii) fan Kalifornje en in noch net wittenskiplik beskreaune soarte yn 'e Yukon waarden foarhinne as ien soarte sjoen, de hartemûs (Peromyscus maniculatus). Om't der gâns morfologyske ferskillen tusken de ûndersoarten bestiene, wiene der altyd al twifels oer oft dy yndieling wol hielendal kloppe. Yn 2017 die út genetysk ûndersyk bliken dat it yndie om in soartekompleks gie fan in stikmannich nau besibbe en sterk opinoar lykjende, mar dochs selsstannige soarten. Der binne resint (2010-er en 2020-er jierren) ek noch ferskate oare nije soarten yn dit skaai ûntdutsen, dy't foar it meastepart foarkomme yn Midden-Amearika.

Dragers fan sykten Wytpoatmûzen binne, fral yn 'e Súdwestlike Feriene Steaten, berucht wurden as dragers fan it besmetlike hantafirus, dat foar minsken deadlik wêze kin. In ûndersyk út 2008 yn Britsk-Kolumbia brocht oan it ljocht dat 30% fan 'e wytpoatmûzen seroposityf wiene foar de baktearje Borrelia burgdorferi, in fektor foar de sykte fan Lyme. Oare sykten dêr't wytpoatmûzen dragers fan wêze kinne, binne ehrlichioaze en Teksaanske kowekoarts (babesioaze). Ek SARS-CoV-2 (it koroanafirus) wurdt maklik oerdroegen mank wytpoatmûzen.

Proefdieren In protte universiteiten, laboratoaria en oare ûndersyksynstituten yn Noard-Amearika brûke wytpoatmûzen fan ferskate soarten as proefdieren. Se binne maklik yn finzenskip te hâlden en te fokken, hoewol't se wat dreger te hantearjen binne as de nuete mûs (Mus musculus) of de nuete rôt (Rattus norvegicus). Mar dat neidiel wurdt goedmakke trochdat se gaadliker binne om 'e fersprieding en bestriding fan boppeneamde sykten te ûndersykjen. Om't der gjin begjinnensein wêze soe om alle wylde wytpoatmûzen yn 'e Súdwestlike Feriene Steaten te faksinearjen tsjin it hantafirus, wurde wytpoatmûzen bygelyks brûkt foar ûndersyk nei de ûntwikkeling fan selsferspriedende ('besmetlike') faksins.

Soarten Om't der sa'n protte soarten wytpoatmûzen besteane, wurde it skaai almeast opdield yn in stikmannich ynformele kloften fan nau oaninoar besibbe soarten. It is lykwols mar de fraach oft dy kloften ek folslein oerienkomme mei formele ûnderskaaien. Yn 'e ûndersteande list binne ûndersoarten werjûn yn in lytsere font.

skaai wytpoatmûzen (Peromyscus) aztecus-kloft Azteekske mûs (Peromyscus aztecus) foerazjearmûs (Peromyscus spicilegus) Oaxacahartemûs (Peromyscus oaxacensis) Transmeksikaanske Fulkaangurdlemûs (Peromyscus hylocetes) winkelmannmûs of Winkelmanns mûs (Peromyscus winkelmanni) boylii-kloft carletonhartemûs of Carletons hartemûs (Peromyscus carletoni) Chihuahuamûs (Peromyscus polius) Durangomûs, schmidlyhartemûs of Schmidly's hartemûs (Peromyscus schmidlyi) ensinkhartemûs of Ensinks hartemûs (Peromyscus ensinki) fluchpoatmûs (Peromyscus levipes) greenbaumhartemûs of Greenbaums hartemûs (Peromyscus greenbaumi) kilpatrickhartemûs of Kilpatricks hartemûs (Peromyscus kilpatricki) Marije-eilânske mûs of Tres-Maríasmûs (Peromyscus madrensis) Michoacánmûs of La-Palmahartemûs (Peromyscus sagax) Nayaritmûs (Peromyscus simulus) Orizabahartemûs (Peromyscus beatae) San-Estebanmûs (Peromyscus stephani) strewelmûs (Peromyscus boylii) californicus-kloft Kalifornyske mûs (Peromyscus californicus) crinitus-kloft boarstelwytpoatmûs (Peromyscus crinitus) eremicus-kloft Ángel-de-la-Guardamûs (Peromyscus guardia) †? gewoane Ángel-de-la-Guardamûs (Peromyscus guardia guardia) foar it lêst waarnommen yn 1991 Harbisons Ángel-de-la-Guardamûs (Peromyscus guardia harbisoni) † 1963 Mejiamûs (Peromyscus guardia mejiae) † 1973 nammeleaze Peromyscus guardia-ûndersoarte fan it eilân Estanque; † 1998 burthartemûs of Burts hartemûs (Peromyscus caniceps) dickeyhartemûs of Dickey's hartemûs (Peromyscus dickeyi) evawoastynmûs of Eva's woastynmûs (Peromyscus eva) kaktusmûs (Peromyscus eremicus) meskiitmûs (Peromyscus merriami) Noardnederkalifornyske hartemûs (Peromyscus fraterculus) pembertonhartemûs of Pembertons hartemûs (Peromyscus pembertoni) † 1931 San-Lorenzomûs (Peromyscus interparietalis) ûnechte boarstelwytpoatmûs (Peromyscus pseudocrinitus) furvus-kloft breedsnúthartemûs (Peromyscus latirostris) swartige hartemûs (Peromyscus furvus) hooperi-kloft hoopermûs of Hoopers mûs (Peromyscus hooperi) leucopus-kloft katoenmûs (Peromyscus gossypinus) Chadwick-Beachkatoenmûs (Peromyscus gossypinus restrictus) † 1938 Key-Largokatoenmûs (Peromyscus gossypinus allapaticola) wytpoatmûs (Peromyscus leucopus) maniculatus-kloft eastlike hartemûs (Peromyscus maniculatus) gambelhartemûs of Gambels hartemûs (Peromyscus gambelii) Yukonhartemûs (Peromyscus sp.) (noch gjin wittenskiplike namme) Kanaaleilânske reuzehartemûs (Peromyscus nesodytes) † ±6000 f.Kr. noardwestlike hartemûs (Peromyscus keeni) Santa-Cruzmûs (Peromyscus sejugis) slevinmûs of Slevins mûs (Peromyscus slevini) strânmûs (Peromyscus polionotus) Anastasiastrânmûs (Peromyscus polionotus phasma) bleke strânmûs (Peromyscus polionotus decoloratus) † 1959 súdlike hartemûs (Peromyscus labecula) swartearmûs (Peromyscus melanotis) westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis) megalops-kloft brune hartemûs (Peromyscus megalops) swartpolshartemûs (Peromyscus melanocarpus) swartsturthartemûs (Peromyscus melanurus) melanophrys-kloft feale hartemûs (Peromyscus perfulvus) Heechlânmûs (Peromyscus melanophrys) Pueblahartemûs (Peromyscus mekisturus) †? mexicanus-kloft bakerhartemûs of Bakers hartemûs (Peromyscus bakeri) bleatpoathartemûs (Peromyscus nudipes) carolpattonhartemûs of Carol Pattons hartemûs (Peromyscus carolpattonae) Chiapashartemûs (Peromyscus zarhynchus) gardnerhartemûs of Gardners hartemûs (Peromyscus gardneri) grutte hartemûs (Peromyscus grandis) Gûatemalteekske hartemûs (Peromyscus guatemalensis) Jûkatanhartemûs of Jûkateekske hartemûs (Peromyscus yucatanicus) kealearhartemûs (Peromyscus gymnotis) Mayamûs (Peromyscus mayensis) Meksikaanske hartemûs (Peromyscus mexicanus) Nikaragûaanske hartemûs (Peromyscus nicaraguae) Salvadoraanske hartemûs (Peromyscus savadorensis) stirtonhartemûs of Stirtons hartemûs (Peromyscus stirtoni) tropyske hartemûs (Peromyscus tropicalis) truei-kloft noardlike rotsmûs (Peromyscus nasutus) noardlike wytankelmûs (Peromyscus laceianus) okerbealchhartemûs (Peromyscus ochraventer) osgoodmûs of Osgoods mûs (Peromyscus gratus) pinjonmûs (Peromyscus truei) Perotemûs (Peromyscus bullatus) súdlike rotsmûs of Zacatecashartemûs (Peromyscus difficilis) súdlike wytankelmûs (Peromyscus pectoralis) Teksaanske mûs (Peromyscus attwateri)

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Wrotmûseftige