De hartemûzen (wittenskiplike namme: Reithrodontomyini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae) en de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae). Ta dizze tûke hearre sa'n 95 soarten dy't foarkomme yn Noard- en Súd-Amearika. De namme "hartemûzen" is har taparte om't se krekt as harten útsûnderlik goede dravers en springers binne.
Tûke-opbou
tûke hartemûzen (Reithrodontomyini) skaai Bensonomys † skaai Cimarronomys † skaai Floaridamûzen (Podomys): 1 soarte skaai Jacobsomys † skaai lâningterotten (Isthmomys): 2 soarten skaai Meksikaankse fulkaanmûzen (Neotomodon): 1 soarte skaai Misjoäkaanske hartemûzen (Osgoodomys): 1 soarte skaai nôtmûzen fan de Nije Wrâld (Reithrodontomys): 22 soarten skaai reuzehartemûzen (Megadontomys): 3 soarten skaai Symmetrodontomys † skaai sprinkhoanmûzen (Onychomys): 3 soarten skaai ûnechte hartemûzen (Habromys): 7 soarten skaai wytpoatmûzen of echte hartemûzen (Peromyscus): 55 soarten
Kategory:Wrotmûseftige