De klimrotten fan de Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Tylomyinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dy't mei twa oare ûnderfamyljes de ynformele groep fan 'e mûzen en rotten fan de Nije Wrâld opmakket. Foarhinne waarden de klimrotten fan de Nije Wrâld wol ûnderbrocht by de mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae), mar tsjintwurdich is de selsstannigens fan dizze ûnderfamylje algemien akseptearre. De klimrotten fan de Nije Wrâld foarmje de lytste ûnderfamylje fan 'e wrotmûseftigen, mei mar 10 soarten, ferdield oer 4 skaaien.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyinae) tûke echte klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyini) skaai grutearbeamrotten (Ototylomys) grutearbeamrôt (Ototylomys phyllotis) skaai klimrotten (Tylomys) Chiapasklimrôt (Tylomys bullaris) gielbealchklimrôt (Tylomys fulviventer) kealsturtklimrôt (Tylomys nudicaudus) Miraklimrôt (Tylomys mirae) Panameeske klimrôt (Tylomys panamensis) Tumbalaklimrôt (Tylomys tumbalensis) watsonklimrôt of Watsons klimrôt (Tylomys watsoni) tûke fesperrotten (Nyctomyini) skaai Jûkatanfesperrotten (Otonyctomys) Jûkatanfesperrôt (Otonyctomys hatti) skaai Middenamerikaanske fesperrotten (Nyctomys) Middenamerikaanske fesperrôt (Nyctomys sumichrasti)

Kategory:Wrotmûseftige