Denver Pyle (folút: Denver Dell Pyle; Bethune (Kolorado), 11 maaie 1920 – Burbank (Kalifornje), 25 desimber 1997) wie in Amerikaansk akteur, dy't syn karriêre begûn mei in grut tal rollen yn westernsearjes en -films. Yn 'e Feriene Steaten krige er yn 'e 1960-er jierren in bekate bekendheid doe't er ferskillende kearen yn 'e komeedzjesearje The Andy Griffith Show ferskynde yn 'e rol fan 'e noartske berchbewenner Briscoe Darling. Mar yn 'e widere wrâld waard er pas in bekend gesicht yn 1977 mei syn rol as Mad Jack yn 'e westernsearje The Life and Times of Grizzly Adams. Hy briek yn 1979 ynternasjonaal troch as omke Jesse yn 'e populêre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard.

Libben Jonkheid, oplieding en tsjinst Denver Pyle waard yn 1920 berne yn it plakje Bethune, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado, as de soan fan boer Ben H. Pyle (1895-1988) en dy syn frou Maude (1899-1985). Nei't er de middelbere skoalle ôfmakke hie, learde Pyle noch in blaumoandei troch oan 'e Steatsuniversiteit fan Kolorado, yn Fort Collins, mar briek syn stúdzje úteinlik ôf om in karriêre yn 'e entertainmentyndustry te begjinnen.

Pyle wie drummer yn ferskate bands oant de Japanske oanfal op Pearl Harbor de Feriene Steaten yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle. Wat er doe die, is net alhiel dúdlik. It kin wêze dat er him oanmelde foar militêre tsjinst by de Amerikaanske Marine, mar it soe ek skoan kinne dat er oanmeunstere by de Amerikaanske keapfardijfloat, dy't de Amerikaanske troepen en harren bûnsgenoaten ûnder faak nuodlike omstannichheden befoarriedzje moast. It is net ûnmooglik dat de betizing komt om't er beide dingen efterinoar die.

Karriêre as akteur Nei de oarloch sette Pyle útein mei in filmkarriêre yn Hollywood. Yn 'e 1950-er en 1960-er jierren wied er figurant en hied er gastrollen yn in ferskaat oan Amerikaanske westernsearjes, wêrûnder The Range Rider (14 kear), Gunsmoke (14 kear), The Gene Autry Show (10 kear), The Life and Legend of Wyatt Earp (10 kear), The Adventures of Kit Carson (8 kear), Bonanza (8 kear), Have Gun – Will Travel (7 kear), The Lone Ranger (7 kear), Zane Grey Theater (7 kear), Laramie (5 kear), The Roy Rogers Show (4 kear), Frontier Justice (2 kear), Wagon Train (2 kear), en fierders û.m. yn The Cisco Kid, Pony Express, Rawhide, The High Chaparral en How the West Was Won. Dêrnjonken wied er ek (yn soartgelikense rollen) te sjen yn oarsoartige tillefyzjesearjes, lykas de paranormale skrillersearje The Twilight Zone, de superheldesearje Adventures of Superman, de rjochtbankdramasearje Public Defender en de fjochtsportsearje Kung Fu.

Op it mêd fan films spile Pyle yn ferskate westerns fan 'e ferneamde regisseur John Ford, wêrûnder The Horse Soldiers (1959), The Man Who Shot Liberty Valance (1962) en Cheyenne Autumn (1964). Yn 'e histoaryske film The Alamo (1960) fan John Wayne hied er de rol fan Thumblerig, ien fan 'e frijwilligers út Tennessee. Pyle wie ek te sjen yn 'e oarlochsfilm Shenandoah (oer de Amerikaanske Boargeroarloch) en de aventoerekomeedzje The Great Race, beide út 1965.

Fierders hie Pyle in weromkearende rol as Sam Houston, de earste presidint fan 'e ûnôfhinklike Republyk Teksas, yn ferskate ôfleverings fan 'e rige The Adventures of Jim Bowie. Hy hie yn komeedzjesearje Tammy (1965–1966) in fêste rol as pake Mordecai Tarleton en teffens yn 'e dêrop basearre film Tammy and the Millionaire (1967). Yn 'e film Bonnie and Clyde, út 1967, wie Pyle te sjen as Texas Ranger Frank Hamer, de plysjeman dy't it kriminele duo dêr't de film nei ferneamd waard, sûnder ophâlden op 'e hakken sit oant er harren einlings yn in mûklaach rinne lit en deasjit. Yn 'e jierren dêrnei spile Pyle ek yn bekende westerns as Bandolero! (1968) mei Raquel Welch en Cahill: United States Marshal (1973) mei John Wayne.

Pyle stie der ek om bekend dat er yn 1966 sawol de fertochte as it moardslachtoffer spile yn 'e lêste ôflevering fan 'e oarspronklike detektivesearje Perry Mason. Dêrtroch wied er de iennichste akteur dy't yn dy rige sawol it slachtoffer, as de fertochte, as (yn in eardere ôflevering) de eigentlike moardner spile hie. Pyle waard yn 'e Feriene Steaten lykwols pas echt ferneamd doe't er ferskate kearen yn 'e komeedzjesearje The Andy Griffith Show ferskynde as Briscoe Darling, de noartske patriarch fan 'e Darling-clan fan muzikale berchbewenners. In oare rol dêr't er lanlik mei yn 'e bekendheid kaam, wie dy fan Buck Webb, de heit fan it personaazje dat troch Doris Day spile waard yn The Doris Day Show (1968–1970). Yn it bûtenlân seach men him pas foar it earst doe't er twadde helte 1970-er jierren de fêste rol spile fan Mad Jack yn 'e westernsearje The Life and Times of Grizzly Adams.

Dy lêste rol waard lykwols al rillegau yn it skaad steld fan in oarenien, doe't Pyle yn 1978 troch tillefyzjeprodusint Gy Waldron cast waard yn 'e rol fan omke Jesse yn 'e hitsearje The Dukes of Hazzard. Dy rige, dy't rûn fan 1979 oant 1985, gie oer twa neven, Bo en Luke Duke (spile troch John Schneider en Tom Wopat) dy't by harren wize âlde, yllegale alkohol stokende omke (Pyle) ynwenje en de korrupte countykommissaris Boss Hogg en de net oersnoade sheriff Rosco P. Coltrane kear op kear te fluch ôf binne. Pyle wie, yn 'e mande mei Sorrell Booke (Boss Hogg), it iennichste lid fan 'e cast dat yn alle 145 ôfleverings fan 'e searje te sjen wie.

It súkses dat er mei The Dukes of Hazzard hie, belibbe Pyle neitiid nea wer. Yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren spile er earst noch wat lytse roltsjes en gastrollen yn tillefyzjeprogramma's as de romantyske komeedzjesearje The Love Boat, de detektivesearje Murder, She Wrote, de soapsearje Dallas en de rjochtbankdramasearje L.A. Law. Mar nei ferrin fan tiid joech er suver ûngemurken it foltiids aktearwurk deroan, en ferskynde er allinne noch yn cameo's. Syn lêste optreden yn in film wie yn 1994, yn 'e westernkomeedzje Maverick, mei Mel Gibson en Jodie Foster, as in ferliezende gokker dy't fan 'e boppebou fan in rivierboat ôf de rivier yn springt om syn weardichheid te behâlden. Syn lêste tillefyzjewurk wie yn 1997 nochris as omke Jesse, foar de tillefyzjefilm The Dukes of Hazzard: Reunion!

Karriêre as regisseur Njonken syn aktearwurk wie Denver Pyle út en troch ek aktyf as regisseur. Hy regissearre fan 1966 oant 1968 tsien ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje Death Valley Days. Yn 1970 wied er ferantwurdlik foar de rezjy fan tsien ôfleverings fan The Doris Day Show. En fan The Dukes of Hazzard regissearre tusken 1980 en 1983 tolve ôfleverings.

Priveelibben Yn 1955 troude Pyle mei Marilee Carpenter (1924-2010), in produksje-assistinte by de filmstudio 20th Century Fox. Se krigen twa soannen: David (1956) en Tony (1957). Hoewol't se yn 1970 skieden, ûnderfûn Pyle, neffens syn rouberjocht, oan syn ferstjerren ta Marilee har help en stipe by syn karriêre. Yn 1983 wertroude Pyle mei Tippie Johnston, dy't oan syn dea ta by him bleau.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren belei Pyle syn sparjild yn ierdoalje, dat doedestiden $2,15 it fet koste. Nei de Oaljekrisis fan 1973 koste in fet oalje mear as $46, wêrmei't de priis mear as ferienentweintichfâldige wie. Sadwaande wie Pyle doe tige ryk, en hied er folle, folle mear jild fertsjinje mei syn belizzings as mei tritich jier wurk as akteur. Mar hy gie troch mei aktearjen om't er dat moai wurk fûn. Pyle wie ek in filantroop dy't in protte jild joech oan goeddiedichheidswurk foar bern. Hy en syn frou Tippie rjochten foar dat doel in eigen stifting op, de Denver Pyle Children's Charities.

Ferstjerren Denver Pyle kaam op earste krystdei 1997 yn Burbank (Kalifornje) te ferstjerren oan longkanker. Hy waard 77 jier en leit begroeven yn in ûnmarkearre grêf yn Forreston, yn Teksas. Krekt foar sy dea, op 12 desimber 1997, waard him oan 7083 Hollywood Boulevard yn Los Angeles in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame jûn.

Filmografy As akteur

|align="center"| 1947 || The Guilt of Janet Adams || man yn iepeningssêne || figurant |- |align="center"| 1947 || Devil Ship || Carl || |- |align="center"| 1947 || Where the North Begins || Jim "Rocky" Rockwell || koarte film |- |align="center"| 1948 || Marshal of Amarillo || nachtklerk || |- |align="center"| 1948 || The Man from Colorado || Easy Jarrett || |- |align="center"| 1949 || El Paso || figilante || |- |align="center"| 1949 || Red Canyon || Hutch || |- |align="center"| 1949 || Streets of San Francisco || Ed Quinn || |- |align="center"| 1949 || Hellfire || Rex || |- |align="center"| 1949 || Rim of the Canyon || Cash Collins || |- |align="center"| 1949 || Too Late for Tears || Youth at Union Station || |- |align="center"| 1949 || Flame of Youth || Lytz || |- |align="center"| 1949 || The Big Wheel || dokter || |- |align="center"| 1950 || The Flying Saucer || Turner || |- |align="center"| 1950 || Captain China || Steve || |- |align="center"| 1950 || Singing Guns || goudsiker || |- |align="center"| 1950 || Federal Agent at Large || "Jumpy" Jordan || |- |align="center"| 1950 || Dynamite Pass || trewant fan Thurber || |- |align="center"| 1950 || Customs Agent || Al || |- |align="center"| 1950 || The Old Frontier || George || |- |align="center"| 1951 || Rough Riders of Durango || Lacey || |- |align="center"| 1951 || Million Dollar Pursuit || Nick Algren || |- |align="center"| 1951 || The Hills of Utah || Bowie French || |- |align="center"| 1951 || Drums of the Deep South || Noardlike soldaat dy't rút ynslacht || |- |align="center"| 1952 || Mutiny! || muiter || |- |align="center"| 1952 || Oklahoma Annie || Skip || |- |align="center"| 1952 || The Man from the Black Hills || Glenn Hartley || |- |align="center"| 1952 || Desert Passage || Allen || |- |align="center"| 1952 || Fargo || Carey || |- |align="center"| 1952 || Canyon Ambush || Tom Carlton || |- |align="center"| 1952 || The Maverick || Bud Karnes || |- |align="center"| 1953 || Gunsmoke || Greasy || |- |align="center"| 1953 || Commando Cody: Sky Marshal of the Universe   || Krug || |- |align="center"| 1953 || The Lone Hand || regelder || |- |align="center"| 1953 || Fort Vengeance || warskôgjende ruter || |- |align="center"| 1953 || A Perilous Journey || barkeeper || |- |align="center"| 1953 || Rebel City || Greeley || |- |align="center"| 1953 || Column South || luitenant || |- |align="center"| 1953 || Goldtown Ghost Riders || Bernie Malloy || |- |align="center"| 1953 || Topeka || Jonas Bailey || |- |align="center"| 1953 || Vigilante Terror || Sperry || |- |align="center"| 1953 || Texas Bad Man || Tench || |- |align="center"| 1954 || The Command || ynfanterist || |- |align="center"| 1954 || Ride Clear of Diablo || dûmny Moorehead || |- |align="center"| 1954 || The Boy from Oklahoma || Bagley || |- |align="center"| 1954 || Johnny Guitar || lid posse || |- |align="center"| 1954 || Drum Beat || Fairchild || |- |align="center"| 1954 || Yellow Mountain || George Yost || |- |align="center"| 1955 || Ten Wanted Men || Dave Weed || |- |align="center"| 1955 || Rage at Dawn || Clint Reno || |- |align="center"| 1955 || Run for Cover || Harvey || |- |align="center"| 1955 || To Hell and Back || Thompson || |- |align="center"| 1955 || Top Gun || Hank Spencer || |- |align="center"| 1956 || Please Murder Me! || ynspekteur Bradley || |- |align="center"| 1956 || I Killed Wild Bill Hickok || Jim Bailey || |- |align="center"| 1956 || The Naked Hills || Bert Killian / ferteller || |- |align="center"| 1956 || Yacqui Drums || Lefty Barr || |- |align="center"| 1956 || 7th Cavalry || Dixon || |- |align="center"| 1957 || Gun Duel in Durango || Texas Ranger-kaptein || |- |align="center"| 1957 || Destination 60,000 || Mickey Hill || |- |align="center"| 1957 || The Lonely Man || sheriff Brad fan Red Bluff || |- |align="center"| 1957 || Jet Pilot || Simpson || |- |align="center"| 1957 || Domino Kid || Bill Dragger || |- |align="center"| 1958 || The Left-Handed Gun || Ollinger || |- |align="center"| 1958 || Fort Massacre || Collins || |-