Dunsum (Noardfrysk: Dunsem) is in plak op it eilân Feer yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Föhr-Amrum en hatt 78 ynwenners (2024).
Dunsum bestiet út de twa Ortsteilen Klein-Dunsum en Groß-Dunsum.
Skiednis Yn 1462 waard it plak foar it earst yn in oarkonde neamd as Dompsum, en yn 1509 as Duesem. De namme Dunsum ferwiist mooglik nei dún en -um (hiem/hûs), mar neffens in oare útlis betsjut Dunsum "it hiem fan Dando". Hast alle doarpen op Feer einigje op 'e útgong -um.
Tusken 1717 en 1720 waarden ferskate huzen yn Dunsum troch stoarmfloeden ferneatige, wêrtroch't de bewenners it nije plak Klein-Dunsum stiften. Yn 1804 stiene der yn it plak dat doe Groß-Dunsum neamd waard 24 huzen, en yn Klein-Dunsum njoggen huzen.
As ûnderdiel fan Westerland-Föhr hearde Dunsum ta de Deenske keninklike enklaves en foarme it in direkt ûnderdiel fan it Keninkryk Denemarken, wylst Osterland-Föhr mei Wyk by it Hartochdom Sleeswyk hearde. Earst nei't Denemark yn 1864 Sleeswyk ferlear oan Prusen, kaam ek Dunsum by Sleeswyk-Holstein.
Yn 1911/1912 waard benoarden Groß-Dunsum de Køkkenmødding (in prehistoaryske jiskebult) ûntdutsen, ien fan it grutte tal prehistoaryske fynsten op it gemeentegebiet.
thumb|left|Sicht op Dunsum.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1867