Galmsbüll (Noardfrysk: Galmsbel; Deensk: Galmsbøl)) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Súdtondern en hat 555 ynwenners (2024).
Geografy It gemeentlike grûngebiet fan Galmsbüll leit oan 'e Noardseekust yn it kultuerlânskip Nordfriesische Marsch, bewesten en súdwesten fan Niebüll. Dit part lei eartiids yn it hartochdom Sleeswyk. Fan 'e oergong fan 'e 17e nei de 18e iuw ôf waard it gebiet stadichoan yndike. De bewenning yn 'e gemeente bestiet hast folslein út fersprate huzen. Allinnich de doarpskearn fan Neugalmsbüll (Noardfrysk: Naigalmsbel; Deensk: Ny Galmsbøl) foarmet in sletten delsetting. Neugalmsbüll foarmet, ûnder oare troch de Sint-Gallustsjerke dy't dêr stiet, it sintrum fan 'e gemeente.
Hjoed-de-dei bestiet de gemeente út de folgjende polders (Köge):
Alter Christian-Albrechts-Koog (Noardfrysk: Üülje Krisen-Albrechen-Kuuch; Deensk: Gammel Christian Albrechts Kog) Neuer Christian-Albrechts-Koog (Noardfrysk: Naie Krisen-Albrechen-Kuuch; Deensk: Ny Christian Albrechts Kog) Kleiseerkoog (Noardfrysk: Kloisiiekuuch; Deensk: Klægsøkog) Marienkoog (Noardfrysk: Mariienkuuch; Deensk: Marie Kog) Galmsbüllkoog (Noardfrysk: Galmsbelkuuch; Deensk: Galmesbøl Kog)
Earder wiene fjouwer fan 'e polders selsstannige gemeenten. Alter Christian-Albrechts-Koog en Neuer Christian-Albrechts-Koog foarmen tegearre ien gemeente en ek de iennige doarpskearn Neugalmsbüll foarme mei Galmsbüllkoog ien gemeente. Op 1 febrewaris 1974 waarden dy polders yn it ramt fan 'e weryndieling yn Sleeswyk-Holstein gearfoege ta ien gemeente.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1974