Kirchspiel Garding (Noardfrysk: Sarkspal Gaarding) is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en makket diel út fan 'e Kreis Noard-Fryslân. Kirchspiel Garding hat 341 ynwenners (2024). De gemeente bestiet út ferskillende buorskippen.
Skiednis De gemeente giet werom op it histoaryske tsjerkedoarp Garding. Doe't Garding yn 1590 stedsrjochten krige, waard it omlizzende lannelike gebiet ôfskaat en in selsstannich karspel.
Ekonomy Lânbou is it wichtichst foar de ekonomy fan de gemeente.
Kategory:Eiderstedt Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestsjoerlike ienheid oprjochte yn 1867