thumb|260px|Lokaasje fan Hattstedtermarsch (read) yn Noard-Fryslân. Hattstedtermarsch (Noardfrysk: Haatstinger Meersch; Deensk: Hatsted Marsk) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente falt ûnder it Amt Nordsee-Treene, dat ûnderdiel is fan 'e Kreis Noard-Fryslân. Hattstedtermarsch hat 280 ynwenners (2024).

Skiednis De skiednis fan 'e Hattstedtermarsch giet werom op it yndykjen fan twa polders: de Hattstedter Alter Koog yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw en de Hattstedter Neuer Koog yn it jier 1500. Dochs wie der al folle langer minsklike aktiviteit; der wurdt fan útgien dat de Angelen hjir al foar de 5e iuw oan lânbou diene. Histoarysk hearde it gebiet by it hartochdom Sleeswyk.

Om't it lân hiel leech leit, wie de ôfwettering sûnt it begjin in grut probleem dat allinnich yn mienskiplik ferbân oplost wurde koe. Dêrom ferienigen de ferskate buorskippen har oan 'e ein fan 'e 18e iuw yn in wetterskip, de Hattstedtermarsch-Commüne. Ut dy mienskip ûntstie op 1 april 1934 de selsstannige gemeente Hattstedtermarsch.

De swiere stoarmfloeden fan 1962 en 1976 laten ta grutte soargen oer de kustfeiligens, benammen troch de bochtige en kwetsbere seedyk fan 'e Hattstedter Neuer Koog. Dêrom waard besletten om de hiele bocht dy't foar de kust lei yn ien kear folslein yn te dykjen. Dat late ta it ûntstean fan it wichtige natuergebiet Beltringharder Koog, dat foar in part yn 'e gemeente leit. Dêrmei wie it oerstreamingsgefaar foar it efterlân foargoed foarby en ûntstie in gebiet dêr't in soad toeristen op ôfkomme.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934