Högel (Noardfrysk: Höögel; Deensk: Høgel) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente heart by it Amt Mittleres Nordfriesland yn 'e Kreis Noard-Fryslân. De gemeente telt 446 ynwenners (2024).
Skiednis De plaknamme Högel waard foar it earst neamd yn 1377 en is ôflaat fan it wurd foar hichte (sjoch Aldfrysk hugel, Alddeensk hugl). Wolfgang Laur: Historisches Ortsnamenlexikon von Schleswig-Holstein, 2. Auflage, Neumünster 1992, s. 333
Oant de Twadde Sleeswykske Oarloch fan 1864 hearde it doarp ta de parochy Breklum (Breklum Sogn) binnen de Nordergoesharde (Nørre Gøs Herred) fan it Hartochdom Sleeswyk.
Fan 1923 ôf waard de elektrisiteit fan it doarp levere troch in mienskiplik oprjochte wynmûne.
Op 1 april 1934 waard de parochy Breklum opheft. Alle doarpen, gehuchten en buorskippen waarden selsstannige gemeenten/plattelânsmienskippen, ynklusyf Högel.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934