Hörnum (Noardfrysk: Hörnem) is in plak en gemeente op it eilân Sylt yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it Amt Landschaft Sylt yn 'e Kreis Noard-Fryslân. Hörnum hat 824 ynwenners (2024).

Hörnum leit op 'e súdlike punt fan it eilân Sylt. De gemeente nimt de hiele súdlike lântonge fan it eilân yn, dat tusken de iepen Noardsee yn it westen en de Waadsee yn it easten leit. Benoarden Hörnum leit de gemeente Sylt mei it Ortsteil Rantum.

Skiednis Hörnum waard yn 1649 foar it earst yn in oarkonde neamd, doe noch ûnder de namme Hornum. Oant it begjin fan 'e 20e iuw wie Hörnum fierders ûnbewenne. By skipbrek, dat yn dy tiid in soad foar de kust fan Hörnum barde, wienen de ynwenners fan Amrum der faak as de earsten by om de lukrative berging út te fieren. De earste fêste gebouwen ûntstienen pas mei de bou fan 'e HAPAG-oanlissteiger en de oanlis fan it spoar oan it begjin fan 'e 20e iuw. Op 8 augustus 1907 krige Hörnum in 33,5 meter hege fjoertoer fan it model dêr't meardere fan boud binne. Om't it eilân pas yn 1927 troch de bou fan 'e Hindenburgdaam mei it fêstelân ferbûn waard, wie it eilân foar dy tiid allinnich mei de boat te berikken. thumb|left|Strân. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden der soldaten yn it plak stasjonearre. De haven waard doe in stik útwreide en útboud ta in skûlhaven. Ek waard der benoarden de skûlhaven in lanningsplak foar wetterfleantugen ynrjochte. Yn 1935 wreide de Luftwaffe de foarsjennings fierder út mei in militêre loftmachtbasis foar wetterfleantugen en in militêre delsetting. Troch de bou fan dy basis en de byhearrende wenwiken naam it ynwennertal ta oant boppe de 1.000.

Yn 1947 bea Hörnum yn 'e ynearsten leechsteande soldateferbliuwen tydlik ûnderdak oan mear as 2.000 ferdreaune Dútsers út de eastlike gebieten en likernôch 40 hûshâldings fan Helgolân setten harren nei de evakuaasje fan harren eigen eilân yn Hörnum nei wenjen. Mei yngong fan 1 oktober 1948 skate Hörnum him ôf fan 'e buorgemeente Rantum en sûnt is Hörnum in selsstannige gemeente.

thumb|250px|left|Protestantske Tomastsjerke. De moderne toeristyske ûntwikkeling ta baaiplak oan 'e Noardsee sette yn 1950 útein. Yn 1960 waard Hörnum útwreide mei de nije wenwyk Kersigsiedlung, in wyk mei hûzen yn 'e dunen mei reiden tekken. Yn 1962 folge de bou fan 'e katolike Sint-Joazefstsjerke en yn 'e jier 1969/1970 de opfallende protestantske Sint-Tomasstsjerke, neffens in ûntwerp fan 'e arsjitekt Martin-Bernhard Christiansen út Niebüll. Dy lêste tsjerke is it jongste monumint fan Sleeswyk-Holstein. It gebou is boud yn 'e foarm fan in wyt syl. De kazerne waard yn 1994 ôbrutsen om yn 2003 plak te meitsjen foar in lúks hotel en in golfbaan.

By Hörnum leit it skiereilân de Hörnum-Odde, de súdpunt fan Sylt, dat swier bedrige wurdt troch kustôfbraak. Se binne benaud dat dit strân-, dún- en kweldergebiet foar 2040 troch de stiging fan 'e seespegel en takomstige stoarmen folslein yn see ferdwine sil. thumb|250px|Lokaasje fan Hörnum (read) yn Noard-Fryslân.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1948