Joldelund (Noardfrysk: Jåålönj, Deensk: Hjoldelund) is in plak yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Joldelund makket diel út fan it Amt Mittleres Nordfriesland, dat yn 'e Kreis Noard-Fryslân leit. De gemeente hat 845 ynwenners (2024). Skiednis Yn 'e izertiid waard yn it hjoeddeistige gemeentegebiet izer út oer wûn. De ûnen binne hjoed-de-dei noch altyd te besichtigjen.

De fjildstiennen tsjerke waard om 1200 hinne boud. Yn 1771 waard de wynmûne boud.

Nei de anneksaasje fan Sleeswyk-Holstein troch Prusen waard út it gebiet fan it kerspel Joldelund in karspelplattelânsgemeente (Kirchspielslandgemeinde) foarme. Dy bestie út de fjouwer doarpen Goldebek, Goldelund, Joldelund en Kolkerheide. Op 1 april 1934 waard de kerspelplattelânsgemeente opheft, en sûnt dy tiid foarmje de doarpen selsstannige plattelânsgemeenten. Hja hearre ek hjoed-de-dei noch altyd by de tsjerklike gemeente Joldelund.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934