Katharinenheerd (Noardfrysk: Katriinenheerd; Deensk: Katrineherd) is in lytse gemeente yn it suden fan 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente leit sintraal op it skiereilân Eiderstedt en makket diel út fan it amt Eiderstedt. De gemeente hat 169 ynwenners (2024).

thumb|left|Tekening fan Katharinenheerd yn 1895. It plak is ferneamd nei Katarina fan Aleksandrje en hja stiet ek op it wapen fan 'e gemeente. De Sint-Katarinatsjerke waard yn 1113 foar it earst neamd. Dêr tichteby lei it rjochtsplak Hamygenhoren (Hemminghörn), dêr't yn it jier 1426 de âldste en tûkste lju (oldesten und klogesten lüde) fan 'e Trije Lannen (Eiderstedt bestie eartiids út trije lannen) byinoar kamen om oer de saneamde 'kroan fan 'e rjochte wierheid' te kedizen. Dat wie in wichtige rjochtskoade foar de krite Eiderstedt. Ek oare lokale saken waarden hjir bepraat en fêstlein.

Yn 1612 waard de Norderbootfahrt groeven, in kanaal tusken Tönning en Tetenbüll dat troch Katharinenheerd rint. Yn 'e gemeente lizze ek de buorskippen Allersdorf, Rumpenhof, Hemminghörn en Stolthusen.

Kategory:Katharinenheerd Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein