Klixbüll (Noardfrysk: Klasbel; Deensk: Klægsbøl) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket gear mei oare gemeenten yn it amt Südtondern en telt 1.040 ynwenners (2024).
Njonken it haaddoarp Klixbüll lizze yn 'e gemeente ek de folgjende delsettingen: Klixbüllhof (Deensk: Klægsbølgaard), Klixbüllkirche, Klixbüllfeld, Wraagaard (Vraagaard), Flühe, Kathal, Rückenstadt en Buttersbüll.
Skiednis It plak waard yn it jier 1352 foar it earst yn in oarkonde neamd, mar komt yn tsjerkeregisters al om 1300 mei de namme foar. De Sint-Nikolaastsjerke waard om 1100 hinne boud en is yn 2010 restaurearre. It wie yn 1460 ien fan 'e haadtsjerken fan 'e omkriten. Oan de toer binne floedtekens te sjen fan 'e Alderheljenfloed yn 1532 en Burchardifloed yn 1634. Njonken de tsjerke leit op in heuvel it âldste gebou fan it doarp, in rest fan it eardere goed Klixbüllhof.
Op it plak dêr't hjoed-de-dei de Bundesstraße 199 troch it doarp rint lei oant 1466 in bûtendyk. Klixbüll is dêr ynearsten as geastdoarp ûntstien. Letter groeide it doarp dêr oant it yndykjen fan 'e Gotteskoog yn 1566 út ta in lintfoarmich klaaidoarp.
Yn 'e Tritichjierrige Kriich bouden Sweedske troepen in krûdtoer yn it doarp, dy't letter lykwols ferneatige waard. Op itselde plak stie oant 1955 it kafee Pulverturm.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934