Kotzenbüll (Noardfrysk: Kotsenbel; Deensk: Kotzenbøl) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. De gemeente heart by it amt Eiderstedt en hat 169 ynwenners (2024).
De plaknamme Kotzenbüll bestiet út twa dielen en betsjut mooglik delsetting fan Kotze (wêrby't de útgong -büll it Deenske wurd foar wenplak of wenning is en Kotze nei in stifter ferwiist).
It besjen wurdich is de om 1500 hinne boude Sint-Nikolaastsjerke. Efter it neogotyske front fan it oargel sitte noch pipen dy't út de iere 16e iuw stamme.
It doarp is foaral agrarysk. Foar de foarsjenningen binne de ynwenners benammen op it oanbuorjende Tönning oanwiisd. Yn 'e gemeente lizze ek de buorskippen Axendorfer Weg en Kleihörn.
Kategory:Eiderstedt Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein