Lexgaard (Noardfrysk: Leeksgaard; Deensk: Læksgårde) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente Lexgaard is in tige lytse gemeente fan mar 66 ynwenners (2024) en wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Südtondern.

Bestjoer Fanwegen it tebekrinnen fan it ynwennertal hat de gemeente sûnt de riedsferkiezingen fan 2008 in saneamde Gemeindeversammlung (gemeentegearkomste) neffens paragraaf 54 fan 'e Sleeswyk-Holsteinske gemeentewet. Oan dy gearkomste kinne alle kiesberjochtige ynwenners fan 'e gemeente meidwaan.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934