Langenhorn (Noardfrysk: E Hoorne; Deensk Langhorn) is in gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein yn 'e kreis Noard-Fryslân. Langenhorn heart by it amt Mittleres Nordfriesland en hat 3.363 ynwenners (2024).

De gemeente Langenhorn bestiet út Mönkebüll (Deensk: Munkebøl), Loheide (Lohede), Efkebüll (Efkebøl), Ost-Langenhorn en West-Langenhorn.

It besjen wurdich Laurentiustsjerke thumb|left|It barokke oargel fan Langenhorn. De Sint-Laurentiustsjerke fan Langenhorn is in 13e-iuwske tsjerke op in terp mei in frijsteande houten klokketoer. It oargel fan 'e tsjerke is rûnom ferneamd en waard skonken troch Seneca Inggersen, dy't as skipsdokter yn tsjinst fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy nei Java reizge, dêr't er it behear oer de militêre apoteek en letter it pakhûs fan 'e kompanjy krige. Yn 'e tiid dat er dêr regint waard wist Inggersen in ûnbidige rykdom op te bouwen. Yn 1741 troude er mei Adriana van Loo, dy't út in ynfloedrike famylje stamme. Nei de berte fan fjouwer bern ferstoar hja yn 1755 yn 'e âldens fan 29 jier oan in ûngenêslike sykte. Ta neitins oan syn frou joech Seneca syn bertedoarp Langenhorn jild foar de bou fan in nij oargel. Dêrfoar joech er yn 1759 de bekende oargelbouwer Johann Daniel Busch út Itzehoe de opdracht. Twa jier letter, yn 1761, wie it ynstrumint klear. Oan 'e oargelkas binne teksten yn it Nederlânsk oanbrocht.

Natuer en mûne Yn 'e gemeente leit it beskerme natuergebiet de Langenhorner Heide, in heidelânskip mei sânferstowings en bosk. In karakteristyk baken yn it lânskip is de Westermöhl, in achtkante nôtmûne dy't yn 1859 boud waard.

Berne yn Langenhorn Seneca Inggersen, grûnbesitter en keapman yn tsjinst fan 'e Feriene Eastyndyske Kompanjy. Friedrich Paulsen (1846–1908), filosoof

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934