Haselund (Noardfrysk: Haselund) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente leit yn it Amt Viöl, dat ûnderdiel is fan 'e Kreis Noard-Fryslân. Haselund hat 928 ynwenners (2024).
Fynsten fan lyts ark tsjûgje der fan dat op it hjoeddeiske gemeentegebiet om 8000 f.Kr. al in delsetting lei. De namme Haselund waard al yn 1352 foar it earst neamd.
De gemeente Haselund waard op 1 desimber 1934 oprjochte trocht de eardere gemeenten Brook, Haselund en Kollund gear te foegjen.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934