Goldelund (Noardfrysk: Gelün; Deensk: Goldelund) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente leit yn it Amt Mittleres Nordfriesland, dat ûnderdiel is fan 'e Kreis Noard-Fryslân. Goldelund hat 423 ynwenners (2024).
Skiednis De plaknamme waard foar it earst skriftlik neamd yn 1321 en is ôflaat fan it Deenske galt (Aldnoarsk: gǫltr) dat baarch betsjut en -lund dat bosk betsjut. De betsjutting soe 'bosk dêr't bargen fûn wurde' wêze. Anders Bjerrum: Sydslesvigs stednavne, Bd. 4, Kopenhagen 1979–1984. S. 425Wolfgang Laur: Historisches Ortsnamenlexikon von Schleswig-Holstein, 2. Auflage, Neumünster 1992, S. 276.
Op 1 april 1934 waard de parochy fan Joldelund opheft. Al syn doarpen, gehuchten en buorskippen waarden ûnôfhinklike gemeenten, ynklusyf Goldelund.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934