Gröde (ek: Gröde-Appelland; Noardfrysk: Groue; Deensk: Grøde) is in tige lytse gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente wurket mei oare gemeenten gear yn it amt Pellworm en hat mar 6 ynwenners (2025). Gröde is de lytste selstannige gemeente fan Dútslân. By de 2,52 km² grutte gemeente heart ek de net permanint bewenne hallig Habel.
Bestjoer Mei minder as 70 ynwenners hat de gemeente neffens paragraaf 54 fan 'e Sleeswyk-Holsteinske gemeentewet gjin gemeenteried, mar in gemeentegearkomste dêr't alle stimberjochtige ynwenners oan meidwaan kinne.
Befolking De hiele befolking fan 'e hallig wennet op twa keunstmjittige terpen (Warften): de Knûtterp (dêr't de measte huzen op steane) en de Kirchwarft (dêr't de lytse tsjerke út 1779 op stiet). De bewenners libje fan toerisme en wat agraryske aktiviteiten.
Sint Margaretatsjerke De protestantske Margaretatsjerke fan Gröde is in reiddutsen tsjerkje op in âld tsjerkhôf. Njonken de tsjerke is der ek de skoalle en de wente foar de skoalmaster. De hjoeddeiske tsjerke waard op in ferhege terp werboud yn 1779 neidat ferskate foargongers troch stoarmfloeden ferneatige waarden.
Ofbylden
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934