Fresendelf (Noardfrysk: Freesendelf) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en makket diel út fan 'e Kreis Noard-Fryslân. Fresendelf is in tige lytse gemeente en is ûnderdiel fan it amt Nordsee-Treene. It doarp leit oan 'e westlike igge fan 'e Treene en hat 87 ynwenners (2024).

De plaknamme betsjut 'grêf fan Friezen' (Friesengraben) en waard foar it earst yn 'e 15e iuw yn dokuminten neamd. Wolfgang Laur: Historisches Ortsnamenlexikon von Schleswig-Holstein, 2. Aufl., Neumünster 1992, s. 257.

Fresendelf waard op 1 desimber 1934 in selsstannige gemeente nei it opheffen fan 'e Kirchspielslandgemeinde Schwabstedt (karspellânsgemeente Schwabstedt). thumb|left|Doarpsstrjitte

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1934