Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog (Noardfrysk: Friedrich-Wilhelm-Lübke-Kuuch) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en makket diel út fan 'e Kreis Noard-Fryslân. De gemeente telt 163 ynwenners (2024).
Skiednis De yndiking fan 'e keech (polder) mei in 8,5 kilometer lange seedyk wie it grutste dykbouprojekt fan nei de Twadde Wrâldkriich yn Sleeswyk-Holstein. Om't in grut tal flechtlingen en ferdreaunen út de eastlike gebieten harren nei de Twadde Wrâldoarloch yn Sleeswyk-Holstein fêstigen, moast der yn it ramt fan it saneamde Programm Nord nij lân oanmakke wurde. Dat Programm Nord waard oantrune troch de doetiidske minister-presidint fan Sleeswyk-Holstein, Friedrich Wilhelm Lübke, dêr't de polder ek nei ferneamd is.
Nei't de dyk op 21 oktober 1954 ôfsletten waard, moast it nije lân earst noch ûntwetterje en ynfrastruktuer oanlein wurde, foardat yn 1958/1959 de earste húshâldings harren nei wenjen sette koene. De oarspronklike bewenning bestie út 41 pleatsen, in skoalle en in herberch mei in winkel. It lân waard yn like dielen ferdield oer lokale boeren en flechtlingen út de eastlike gebieten.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1958