Emmelsbüll-Horsbüll (Noardfrysk: Ämesbel-Hoorbel) yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Súdtondern en hat 887 ynwenners (2024).
Skiednis De earste spoaren fan bewenning yn it gebiet stamme út de tiid fan it Grutte Folksferfarren. De gemeente ûntstie yn 1974 troch gearfoeging fan Emmelsbüll en Horsbüll.
Horsbüll Horsbüll, hjoed-de-dei de lytste fan 'e twa doarpskearnen, waard yn 1231 foar it earst offisjeel neamd yn it Grûnboek fan Waldemar. De tsjerke fan it plak stamt ek út dy tiid. thumb|left|Marijetsjerke. Troch ferskate swiere stoarmfloeden moasten de diken troch de iuwen hinne hieltyd fierder ynlânsk ferlein wurde. Sa ferdwûn yn 'e rin fan 'e tiid in grut part fan it westlike doarpsgebiet. Dat hie ta gefolch dat de tsjerke fan Horsbüll sûnt 1805 fuort tsjin de dyk oan stiet. Hjoed-de-dei leit efter dy dyk lykwols net mear de iepen Noardsee, mar de yn 1954 yndike Friedrich-Wilhelm-Lübke-Koog. Njonken de âlde, halligeftige doarpskearn om de tsjerke hinne, hearre ek de buorskippen Neu-Horsbüll, Humwerthusum en Diedersbüll by Horsbüll.
Sêge oer de namme De namme fan it plak wurdt ferklearre troch in âlde sêge. De sêge fertelt dat by in grutte stoarmfloed in grûneigner troch syn hynder (hors) út de weagen rêden waard, krekt op it plak dêr't hjoed-de-dei de Marijetsjerke stiet. It efterheaksel -büll (Noardfrysk: -bel) komt yn it Fryske kultuergebiet in soad foar en betsjut safolle as "wenplak" of "delsetting".
Emmelsbüll thumb|left|Sint-Rembertustsjerke fan Emmelsbüll. Emmelsbüll waard lykas Horsbüll ek foar it earst yn it Grûnboek fan kening Waldemar neamd. It doarp bestie oarspronklik út de doarpskearn mei de tsjerke en ferskate pleatsen dy't op terpen (Warften) boud wiene, wêrûnder it eardere aadlike goed Toftum.
Troch it yndykjen fan it Kleine Emmelsbüller Koog yn 1554 en it grutte Gotteskoog yn 1566 waard it grûngebiet fan 'e gemeente flink útwreide. Fan 'e jierren 1950 ôf groeide it doarp fierder troch de oanlis fan ferskate nije wenwiken. By de buorskip Südwesthörn stiet hjoed-de-dei in gemaal dat it wetter út de Gotteskoog en de Alte Wiedingharder Koog troch in syl (it Alte Sielzug) yn 'e Noardsee pompt. Oant yn 'e 20e iuw lei op dit plak ek in lytse haven.
Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1974