Ellhöft (Deensk: Ellehoved, Súdjutlânsk: Ælhoi, Nederdútsk: Ellhööft) is in plak en gemeente yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein en makket diel út fan 'e kreis Noard-Fryslân. Ellhöft hat 99 ynwenners (2024).

It gemeentegebiet fan Ellhöft leit fuort besuden de beken de Süderau (Deensk: Sønderå) en de Alte Au (Deensk: Gamelå), dy't de Dútsk-Deenske grins foarmje. De gemeente leit yn it oergongsgebiet fan 'e lânskippen de Lecker Geest en de Nordfriesische Marsch. De beken fiere harren wetter ôf nei de Noardsleeswykske Wiedau (Deensk: Vidå).

De gemeente bestiet út de Ortsteile Böglum (Deensk: Bøvlund), Struxbüll (Struksbøl) en Ellhöftfeld.

Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein