Aldetrine (Nederlânsk: Oldetrijne; Stellingwerfsk: Ooldetriene) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf. It leit súdwestlik fan Wolvegea en noardeast fan Munnikebuorren. De taal fan 'e ynwenners is meast Stellingwerfsk. It doarp foarmet mei Sonnegea in twillingdoarp.
Aldetrine hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Aldetrine waard al yn in oarkonde út 1320 neamd as 'Oldentrinde'. De eardere herfoarme tsjerke wie oant de reformaasje oan Katarina fan Aleksanderje wijd.
Yn 1794 waard de tsjerke ferfongen troch in nije; ein 19e iuw barde dat nochris. Dy tsjerke wurdt hjoeddedei brûkt as doarpssintrum foar de doarpen Sonnegea en Aldetrine.
Der is in soad fean ôfgroeven yn dizze streek.
Súdeast fan Aldetrine kin mei in kabelpont foar fuotgongers en fytsers de Linde oerstutsen wurde rjochting Oldemarkt.
Mienskip thumb|left|De Lantscheene It doarpssintrum is yn 'e mande mei Sonnegea en underbrocht yn de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine. Sonnegea-Aldetrine hat in histoaryske wurkgroep.
Skoalle De mienskiplike iepenbiere basisskoalle mei Sonnegea hjit De Lantscheene, dat lângrins of doarpsgrins betsjut. Yn 2023 makke de gemeente bekend dat fanwegen brek oan bern de skoalle sletten wurdt.Ljouwerter Krante, 20 oktober 2022Stellingwerf, 13 jannewaris 2023
Befolkingsferrin Jier 1910 1959 1964 1969 1973 2007 2013 2021 Ynwenners 439 155 144 137 130 180 209 245
Berne Herman Wesstra (1843-1911), arsjitekt Hanneke de Jong (1952-), skriuwster
Publikaasje : "Sonnega-Oldetrijne"
Ynfrastuktuer
Bustsjinst Troch Aldetrine rint de folgjende busline:
Line 108: Wolvegea - Skerpenseel
De busline troch Aldetrine wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten De Meenthe, De Weeren, Tsjerkhofsleane, Pieter Stuyvesantwei, Sonnegeawei.
Sjoch ek Fryske doarpen.
thumb|center|700px
Keppeling om utens Webstee fan Sonnega Oldetrijne Oer de skiednis
Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf