Munnikebuorren (Stellingwerfsk: Munnikeburen, Nederlânsk: Munnekeburen) is in doarp besuden Wolvegea en west fan de Rottige Meente yn it west fan 'e gemeente Weststellingwerf.

It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis De namme ferwiist nei kleasterbesit, mooglik fan it Starumer Odulfuskleaster. Buorren yn plaknammen komme fral yn Fryslân foar en de oarsprong fan Munnikebuorren is dan ek Frysk.

Yn in oarkonde fan 1320 waard it plak Monnekebuer neamd. Oare ferzjes binne Munnickebuyerum, Monkebuer, Monkebuer, Moniekebueert, Munkebaerdt, Monkever, Monckebuert, Muntkebuert.Side Skiednis fan 'e Stellingwerven en Noardwest Oerisel (Stienwikerlân)

Yn 1806 waard de tsjerke boud. By de wettersneed fan 1825 waard it doarp slim troffen. Hûzen waarden ferneatige en de tsjerke drige yn te stoarten.

Mienskip Munnekeburen hat tegearre mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in feriening foar Pleatslik Belang. Yn Munnikebuorren stiet It Polderhûs, it doarpshûs fan de Grutte Feanpolder-doarpen. By it doarpshûs stiet ek de sporthal De Skeakel. Efter dat kompleks leit it Skeenefjild.

Tsjerke PKN-gemeente Skerpenseel-Munnikebuorren

Skoalle Yn 2014 fusearren de kristlike basisskoalle De Baggelaar en de iepenbiere Wethâlder Heidaskoalle ta de iepenbiere basisskoalle De Aventurijn.

Ferienings Fuotbalferiening VWC Iisklub De Iendracht

Befolkingsferrin Jier 1840* 1954* 1964 1969 1974 2008 2014 2015 2020 Ynwenners 267 934 699 513 457 415 412 433 455 '' (*) Oant 1964 waarden de ynwenners fan 'e Langelille meiteld. Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren sûnder boarnefermelding oernommen fan de besteande ynformaasje yn it artikel'')

Berne Lodewijk Meeter (1915-2006), skûtsjeskipper Dirk Kerst Koopmans (1906-1998), keunstskilder

Eveneminten Westhoekefeest

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Munnikebuorren rint de folgjende busline:

Line 217: Wolvegea - Skerpenseel

De busline troch Munnikebuorren wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Gracht, Grindweg, Kerkeweg, Lemsterwei, Scheenepad, Voetpad.

Sjoch ek Fryske doarpen

Keppeling om utens Webstee Grutte Feanpolder Frysk Foto-argyf

Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf