Sonnegea (Stellingwerfsk: Sunnege) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, krekt súdwest fan Wolvegea. It doarp foarmet mei it twillingdoarp Aldetrine in lang lintdoarp.
Sonnegea hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis thumb|left|Tsjerke fan Sonnegea Jacob Stellingwerf (1722) Wis is dat der yn de 15e iuw al in tsjerkje stie. Oft der doe ek al in klokkestoel wie is net bekend. De tsjerke waard yn 1722 tekene troch Jacob Stellingwerf en nei alle gedachten yn de twadde helte fan de 18e iuw ôfbrutsen.
Jacob Noteman út Ljouwert hie yn 1644 in nije klok getten. Dy klok waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers foardere en omraand. Nei de oarloch sammele de befolking jild yn foar it jitten fan in nije klok. Oant 1989 stie op it tsjerkhôf in izeren klokkestoel út 1912, dy't doe in houten klokkestoel út 1858 ferfong. Yn 1989 waard de hjoeddeiske houten klokkestoel boud. Ek waard doe in nije klok getten.
Mienskip It doarpssintrum is yn 'e mande mei Aldetrine en underbrocht yn de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine. Sonnegea-Aldetrine hat in histoaryske wurkgroep.
Skoalle De mienskiplike skoalle mei Aldetrine hjit De Lantscheene, dat lângrins of doarpsgrins betsjut. De iepenbiere skoalle stiet yn Aldetrine. Yn 2023 makke de gemeente bekend dat fanwegen brek oan bern de skoalle sletten wurdt.Ljouwerter Krante, 20 oktober 2022Stellingwerf, 13 jannewaris 2023
Ferienings It doarp hat in maneezje mei de namme "Caprilli". Om de twa jier wurdt de grutte Stuyvesant-Kuiertocht holden. Toanielferiening 'Samen Een' Jagersferiening
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2007 2013 2021 Ynwenners 210 335 312 296 284 249 243 236 245 thumb|260px|Pleats oan de Sonnegeawei Berne Jan Brouwer (1901-1973), PvdA-politikus Sijtje van der Lende (1950-), reedrydster
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Sonnegea rint de folgjende busline:
Line 108: Wolvegea - Skerpenseel
De busline troch Sonnegea wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten De Meenthe Oppers Pieter Stuyvesantwei - ferneamd nei Pieter Stuyvesant Sonnegeawei
Publikaasje : "Sonnega-Oldetrijne"
Sjoch ek Fryske doarpen. Keppeling om utens Skiednis Sonnegea Webstee Sonnegea/Aldetrine
Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf