De Fochtel is in doarp east fan Easterwâlde yn de gemeente Eaststellingwerf.

De Fochtel hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis De Fochtel heart by de âldste doarpen fan de gemeente. Yn 1935 fûn de amateur-archeoloog H.J. Popping âlde spoaren fan bewenning. Mear argeologysk ûndersyk folge yn 1938, doe't der mear spoaren fan eartiidske pleatsen út it begjin fan de jiertelling fûn waarden.

Alde nammen fan De Fochtel binne Fyochtelo (1408), Foechtinge (1530), Vuchteloe (1543), Vochtele (1664, 1700), Fochtele (1664). Sûnt de 19e iuw is it Fochtelo(o). De namme soe fochtich bosk bestjutte . Naarding, Stellingwerfse toponymen in Fryske Plaknammen, mar der is ek in teory dy't útleit dat de namme ôflaat is fan it Dútske Ficht of it Ald-Fryske Fiucht, dat spjirrebeam betsjut. De Fochtel soe dêrom spjirrebosk betsjutte. By it doarp binne yn 1875 resten fan in prehistoarysk bosk fûn, dat troch de foarming fan fean ferdwûn. Iuwenlang leine der oan de eastlike kant fan it doarp grutte heide- en feangebieten. Om't it prehistoaryske bosk út ikebeammen en wat bjirkebeammen bestie is 'fochtich bosk' lykwols de meast akseptabele útlis.T.H. oosterwijk, Geschiedenis van Ooststellingwerfse dorpen, side 11 thumb|left|De midsiuwske tsjerke neffens Jacobus Stellingwerf (1723) De Fochtel hat in parochy west mei in eigen pastoar. Oan wa't de tsjerke wijd wie is net bekend, mar de tsjerke bestie noch oant de ôfbraak yn 1834. Yn 2020 waard mei kleastermoppen de omtrek fan de tsjerke oanjûn en dat plak tsjinnet as struifjildsje.Reliwiki, oproppen 16 juny 2023 Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân mei twa 14e iuwske klokken.Reliwiki, oproppen 16 juny 2023 Tsjerklik wie en is De Fochtel ferbûn mei Easterwâlde.

De Fochtel bleau lang in isolearre doarpke. Yn 1818 waard de slûs mei de slûswente boud, dat allinne mei in kuierbrêge mei it doarp ferbûn waard. Weinen koene dus net oer dy brêge.

Yn 1895 en 1907 krige it doarp in eigen molkfabryk. It fabryk 'De Nijverheid' waard yn 1907 sletten mei't de boeren oer gyngen nei Easterwâlde.Zuivelfabrieken in Friesland, oproppen 16 juny 2023 It fabryksgebou waard as herfoarme kapel ferboud, dy't yn 2008 sletten waard.

Kamp Ybenheer en kamp Oranje By De Fochtel wiene yn de Twadde Wrâldoarloch twa wurkkampen.

Kamp Ybenheer waard yn 1940-1941 oanlein yn it ramt fan de wurkferskaffing. De faak wat âldere manlju fan it kamp moasten wurkje op it lân. Begjin maaie 1942 waarden de wurkleazen fuort stjoerd en op 1 juny dat jier ferfongen troch joadske twangarbeiders, dy't turf yn it fean groeven, sânpaden oanleine en de ierappels fan it lân hellen. Yn de nacht fan 2 op 3 oktober fan dat jier waard it ûntromme en alle 215 kampbewenners earst nei kamp Westerbork ôffierd en dêrwei nei de ferneatigingskampen Auschwitz en Sobibór. Nei de oarloch is it kamp brûkt om Molukske KNYL-militêren en harren húshâldings ûnder te bringen. By it eardere kamp Ybenheer is op 2 oktober 2002 in monumint ûntbleate ta neitins oan it kamp.

In pear hûnder meter westlik lei it kamp Oranje, dat yn 1942 stifte waard foar de Nederlânske Arbeidstsjinst. Nei de oarloch waarden der NSB-ers yn opsletten. Sûnt dy tiid krige it ek de namme Oranje. Dêrnei waard it kamp brûkt om repatrianten út Ynje en Republyk fan de Súd-Molukken Súd-Mollukkers op te fangen. Fan Kamp Oranje bestiet allinnich it eardere appèlplak noch.

Hjoed-de-dei is der in kuierrûte útset mei ynformaasjebuorden, dy't by kamp Oranje begjint en bylâns 13 punten einiget yn kamp Ybenheer.Natuermonuminten mei ynformaasje oer de kuierrûte. Mienskip It hert fan De Fochtel is it multyfunksjonele doarpshûs Et Legien. Dêr binne ek de klaaikeamers foar de pleatslike fuotbalklup yn ûnderbrocht. It doarpsblêd FODOVONI ferskynt tsienris yn 't jier en wurdt ek wol It Blauwe Boekje neamd. De Aktiviteitekommisje hjit 'De Korhoenders', dy't eveneminten lykas it doarpsfeest en it peaskefjoer organisearret.

Tsjerke PKN Easterwâlde-De Fochtel e.o.

Skoalle Yn augustus 2011 waard de basisskoalle fan De Fochtel sletten.

Ferienings De Feriening foar Doarpsbelang is oprjochte yn 1901. Biljertklub Iisklub Eensgezindheid Fuotbalklub Fochteloo Klaverjasklub Sjongferiening De Koorhoenders

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin Jier: 1840 2009 2015 2020 Ynwenners: 163 428 404 350

Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; oare jierren Alle Cijfers

Eveneminten Peaskefjoer

Gea/Fochtelerfean thumb|260px|Fochtelerfean It westlike diel fan de himrik bestiet út boerelân, wylst it eastlike diel ûnderdiel is fan it Fochtelerfean. It Fochtelerfean is goed 2500 hektare grut en wurdt beheard troch Natuermonuminten.

It gebiet wie it lêste Fryske plak mei in populaasje fan de kuorhin. Yn 'e jierren 1960-1970 sette de tebekgong fan de fûgel yn troch predaasje, feanbrannen en fral troch brek oan ynsekten troch it brûken fan pestisiden en feroarings yn 'e lânbou. De fûgel is foar it lêst yn 1984 op it Fochtelerfean sjoen.Noorderland, De Balts van de Korhoen 23 maart 2020 De Fochtel betinkt sûnt 1997 de kuorhin mei in keunstwurk fan Anne Woudwijk.zuidoostfriesland.nl It Fochtelerfean is ek it gebiet dêr't yn 2001 de kraan nei iuwen ôfwêzigens op 'e nij in briedfûgel fan Nederlân waard. Oan it Fochtelerfean waard oan de westkant yn de jierren 2010-2013 in earder lânbougebiet fan 300 hektare grut tafoege.

Strjitten Sjoch: alle Strjitten yn De Fochtel

Sjoch ek Fryske doarpen.

Keppeling om utens Side doarpsbelang Webstee De Fochtel

Kategory:Doarp of stêd yn Eaststellingwerf