Waskemar is in doarp yn it noarden fan de gemeente Eaststellingwerf oan 'e grins mei Opsterlân. Waskemar wurdt ek Beneden-Haulerwijk en Grut Waske Meer neamd. De namme is ûntliend oan in heidemarke, dat sawat twa kilometer nei it west leit. It marke hjit de Waskmar, dêryn waard de skiep wosken. Eartiids hiet it doarp ek Cruijmte (Kromte).
Waskemar hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis left|thumb|De feart nei Haulerwyk De skiednis fan Waskemar sette yn 'e earste helte fan de 18e iuw útein mei it trochgraven fan in feart fan de Mandewyk nei eastlike rjochting, de oarsprong fan it lettere doarp Haulerwyk. Yn dy tiid waard Waskemar noch as De Kromten oantsjut. It fean waard doe besit fan de famyljes Lycklama à Nyeholt, Tjeard fan Aijlva, Livius Dirk fan Andringa en Daniel de Block. De famylje Lycklama à Nijeholt wie tusken 1647 en 1862 in famylje fan grytmannen. Yn 1758 waard der lânbougrûn frijjûn en Waskemar wie al yn 1765 in aardich doarp, dêr't njonken ferfeaning ek turf stutsen waard. Yn 'e earste helte fan de 19e iuw ferskode it sintrum fan de ferfeaning nei Haulerwyk; yn Waskemar wie it doe dien mei de feanterij.Geschiedenis fan Oostellingwerfse Dorpen, Dr. T.H. Oosterwijk1986, Stichting Stellingwarver Schrieversronte
Yn 1849 docht op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff bliken dat der oan beide kanten fan de feart al kilometerslange bebouwing stie. De westlike hoeke fan Beneden-Haulerwyk wie doe noch net ticht beboud. Waskemar hie al ier in skoalle, dy' t yn 1858 fernijd waard. Yn 1896 krige it doarp ek in kristlike skoalle. Yn de 19e iuw ûntstie ek de grifformearde tsjerke, dy't in grutte oanhing krige yn de doarpen Waskemar en Haulerwyk.
Yn de Twadde Wrâldkriich krige Simon van Hasselt yn 1941 dien as haad fan de iepenbiere legere skoalle fanwegen syn joadske komôf. Mei syn frou Geertje van Nieweg en syn twa dochters ferhûze er dêrnei nei Wynskoat, dêr't er fan de besetter in joadske skoalle stiftsje moast. Op 12 febrewaris 1943 waard de hiele hûshâlding yn Auschwitz fergast.Joods Monument, oproppen 28 maart 2023 Ta neitins oan de joadske doarpsgenoaten binne der fjouwer stroffelstiennen lein oan de Master van Hasseltwei 11. Njonken dy strjitte waard ek de iepenbiere basisskoalle fan Waskemar nei Simon van Hasselt ferneamd.
Doe't Waskemar yn 1953 de status fan doarp krige, is it nei in poel op 'e Duerswâldmer Heide ferneamd, dy’t westlik fan it doarp oan 'e Leidyk op it grûngebiet fan Opsterlân leit.
Likernôch in heale iuw letter kaam op der dy hoeke in koöperative molkfabryk ta stân. Wer in lytse iuw letter waard it fabryk, dat troch konsintraasje yn it suvelbedriuw al stillei, ôfbrutsen om romte te meitsjen foar wenningbou.
Súdwestlik fan it doarp waarden om 1900 hinne op inisjatyf fan de filantroop Peter Wilhelm Janssen lânoanmakkerspleatsen stifte. By it doarp steane súdlik fan de Leidyk oan de Duerswâldmer Heide noch in tal pleatsen fan dy Janssenstifting.
Oan de doarpsgrins ûntstie oan wjerskanten fan de Leidyk in bedriuweterrein.
Mienskip thumb|260px|Kafee fan Waskemar It doarpshûs hjit ’t Ald Leger en de doarpskrante de Waskemare. Door Eendracht Sterk, koartwei DES, is de feriening foar Doarpsbelang.
Tsjerke Protestantske gemeente Haulerwyk-Waskemar Griff.-frijmakke Tsjerke Haulerwyk-Waskemar
Skoalle thumb|260px|Kompanjonswei De Paadwizer Kristlike basisskoalle De Paadwizer Kristlike Skoalle Mienskip Liudger
Ferienings Der binne ferskillende buertferienings. Angelsportferiening 'De Kleine Dobber' Folleybalferiening SWV Fuotbalferiening Waskemar Fryske toanielferiening 'De Waldploech'
Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2009 2015 2020 Ynwenners 916 925 939 823 812 864 858Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010 854 840
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Waskemar rint de folgjende busline:
Line 84: Drachten - Assen fia Haulerwyk
De busline troch Waskemar wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten
Sjoch: alle strjitten yn Waskemar.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn Eaststellingwerf