Balk is in flekke dat sûnt 1 jannewaris 2014 by de gemeente De Fryske Marren heart. Foar dy tiid wie Balk it haadplak en it grutste plak fan de gemeente Gaasterlân (oant 1984) en Gaasterlân-Sleat (1984-2014). It doarp leit oan de súdwestkant fan de Sleattemer Mar.
Balk hie op ynwenners.
Skiednis thumb|250px|left|Alde Riedhûs ± 1785 thumb|260px|Alde Riedshûs Balk leit tusken Harich en Wikel. Troch de flekke streamt it rivierke De Luts. Balk soe ûntstien wêze by in balke oer it rivierke; dêrom de namme. Letter is der yn alle gefallen in brêge boud. Yn it earstoan hearde Balk by Harich. Yn 1585 waard it troch Spaanske soldaten út Grins plundere. Balk waard yn de 18e iuw woltierich troch de bûterhandel en yn alle gefallen yn de 19e iuw wie it in selsstannige flekke wurden.
Balk hie fanâlds ferskate leauwensmienskippen. Ien dêrfan wie de gemeente fan menisten yn Balk, dy't tige strang yn 'e lear wie. Yn it midden fan de 19e iuw is in grutte groep nei Amearika útwykt om har dêr yn de omkriten fan Goshen yn de steat Indiana te festigjen. In gevelstien yn Balk ferwiist noch nei dy âlde leauwensmienskip.
Oan de Wyldemerkwei wie fan 1954 oant 1969 in kamp foar de opfang fan Molukkers út Yndoneezje. Foar dy tiid wie dat in barakkekamp foar de Nederlânske Arbeidstsjinst. Wylst yn oare Molukske kampen fakentiden kristenen wennen, wie it kamp by Balk foar moslims. Likernôch 90% fan de Molukske moslims waarden oan de Wyldemerkwei opnommen. De moskee op it kamp wie de earste moskee fan Fryslân en de twadde moskee fan Nederlân. De moskee waard nei de opheffing fan it kamp ferkocht en op De Jouwer wer opboud as in loads.
Oan de wei nei Wikel is sûnt 2016 in AZC foar 500 asylsikers. It asylsikersintrum soe yn 2021 sletten wurde, mar fanwegen de grutte ynstream fan nije asylsikers hat de gemeente de bestjoersoerienkomst twa jier ferlinge.COA, 28 oktober 2021 Ut earder ûndersyk hie bliken dien dat der ûnfoldwaande draachflak ûnder de Balksters wie om it AZC langer iepen te hâlden.Omrop Fryslân, 8 juny 2021
Mienskip
Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2016 2017 2018 2021 Ynwenners 1477 1461 1569 1852 2429 3560 3915 4090 4205 4175
Ferienings Pleatslik Belang Fuotbalferiening Balk Iisklup Balk De Bears - fiskjen Fûgelwacht
Tsjerken thumb|260px|It Breahûs thumb|260px|Sint-Ludgerustsjerke It Breahûs (PKN) De Sint-Ludgerustsjerke is de roomske tsjerke út 1883. De Paadwizer (PKN) Fermanje
Bekende Balksters Jetze Doorman - (1881 - 1931), skermer Johannes van Hout (1905-1972), boargemaster Jouke de Vries - (1960), politikolooch. Frans Haarsma (1921-2009), pryster
Krante Foar Balk en omkriten ferskynt de Balkster Courant.
Gebouwen thumb|260px|Gevels oan de Luts Balk hat in histoaryske kearn mei in riedhûs út 1615. Oan De Luts stean in soad monumintale hals-, klok- en trepgevels mei bysûndere gevelstiennen, sierankers, ingelekopjes en sniene boppeljochten. In opfallend gebou wie de eardere feefoerfabryk De Volharding. It gebou soe ôfbrutsen en wer op 'e nij boud wurde, mar dat gyng net troch en ynstee dêrfan wurde/binne der op de frijkommende grûn hûzen boud.
Wettersport Hjoed-de-dei is Balk in sintrum foar de wettersport. Oan De Luts is sylskoalle de Ulepanne mearfâldich winner fan de Nederlânske Sylskoalle Kampioenskippen. In grutte jachthaven leit oan de râne fan de Sleattemer Mar. Foar fytsers en silers fart der in tradisjoneel skûtsje as silend beurtfear tusken Heech en Balk. Yn de wintermoannen wurdt út Balk wei op de Sleattemer Mar om de Bearenburchcup syld.
Herman Gorter De flekke en it rivierke soenen de dichter Herman Gorter, wa syn pake yn de 19e iuw meniste predikant wie yn Balk, ta syn ferneamde gedicht "Maaie" ynspirearre hawwe. Dêryn skriuwt er lykwols net fan in flekke, mar fan in stedsje; en net fan in rivierke, mar fan in wettergrêft:
Een nieuwe lente en een nieuw geluid Ik wil dat dit lied klinkt als het gefluit Dat ik vaak hoorde voor een zomernacht In een oud stadje, langs de watergracht.
(In nije maitiid en in nij lûd; ik wol dat dit liet heart krekt as it fluitsjen dat ik faak hearde foar in simmernacht yn in âld stêdsje, by de wettersgrêft.)
As in oantinken stiet oan De Luts in stânbyld fan de dichter.
Berne yn Balk Ysbrand Balck (±1525), Predikant Anne Meines (1814), Boargemaster Jetze Doorman (1881), Frysk Skermer Johannes van Hout (1905), Boargemaster Watse Hiddema (1928), genêshear-direkteur
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Balk rinne de folgjende buslinen:
Line 41: De Lemmer - It Hearrenfean fia Balk Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân
De buslinen troch Balk wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten yn Balk.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Ofbylden
Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân-Sleat