Harich is in doarp yn 'e Súdwesthoeke en de gemeente De Fryske Marren. It leit noardwestlik tsjin Balk oan. De buorskippen De Bels, Frisbuorren en Westerein-Harich. De Harichsterbosk, part fan de gaasterlânske bosken leit súdlik fan it doarp.
Harich hat ynwenners ().https://opendata.cbs.nl/statline
Skiednis Harich is fan âlds in boeredoarp dat ûntstie oan de âlde trochgeande wei fan Koudum nei Wâldsein. De wei rint op de râne fan it Gaasterlânske sân wêrtroch't der hichteferskil is tusken de noard- en súdkant. De namme komt ek foar as Harg(h), Horch, Haerych en Harig, en is ôflaat fan it Germaanske Harag, dat timpel betsjut en wiisd op in âlde heidensk kultusplak by de Friezen.
Harich wie eartiids it bestjoerlik sintrum fan Gaasterlân. De Wyldemerk besuden it doarp wie eartiids in bekend merkeplak. Yn de fyftiger en sechtiger jierren fan de tweintichste iuw wie by it doarp in ambonezekamp.
Harich bestie ynearsten út fjouwer dielen: de Westerein, de Frisbuorren, de Tsjerkebuorren en de Lorbuorren. It doarp hie earder in eigen gersdrûgerij.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 hearde Harich ta de gemeente Gaasterlân-Sleat, en foar de weryndieling fan 1984 makke it ûnderdiel út fan 'e gemeente Gaasterlân.
Mienskip It Pleatslik Belang betsjinnet Harich en Rûgehuzen. Doarpshûs Ons Gebouw sit yn de âlde skoalle oan de Stinsenwei en wurdt as doarpshûs dield mei Rûgehuzen.
Der waard sein dat men wenne "op Harich" ynstee fan "yn Harich".
Sûnt 2005 wurdt it Konkoers Hippyk Riis op it terrein fan 'e Maneezje Gaasterlân holden, dat yn 'e himrik fan Harich leit.
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969* 1974 2004 2012 2021 Ynwenners 279 567 610 953 478 422 210 490 485 (* grinswiziging mei Balk) (Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2012 en 2021: Alle Cijfers.)
Ferienings De Dobber - muzyk- en sjonggroep út benammen de 1980-er jierren kuorbalferiening KC Harich Teatergroep Sult Begraffenisferiening De Laatste Eer Biljertferiening Biljertferiening âlderein Hearekreamklup Blommeklup Harich Follybalklup Jeu de boules Krystmerke Westerein Harich
Tsjerke
thumb|Tsjerke fan Harich It protestantske diel fan it doarp foarmet ien gemeente mei Rûgehuzen en wurket nau gear mei Aldegea/Kolderwâlde. De tsjerke is fan 1663, it ûnderste diel fan de toer mei de mitsele spits is âlder en datearret út de 12e iuw. Boppe de doar fan it tsjerke is in gevelstien oanbrocht dy't ferwiist nei it ynstoarten fan 'e tsjerke troch in stoarm yn 1662. Oan beide kanten fan de stien stiet in earn mei in iketûke yn 'e snaffel en it wapen fan Harichster Dr. Johannes Scheltinga.
Katoliken hawwe gjin eigen tsjerke yn it doarp. Hja falle ûnder de Hillige Kristoffelparochy, dy't in tsjerke hat yn it oanbuorjende Balk.
Berne yn Harich Willem Smink (1957), politikus
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Harich rinne de folgjende buslinen:
Line 41: De Lemmer - It Hearrenfean fia Balk Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân
De buslinen troch Harich wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Bokkeleane, Frisbuorren, Harichsterdyk, Hillemastate, Houtdyk, It Heech, Keamerlânswei, Lorbuorren, Lykwei, Minnemastate, Stinsenwei, Trophernsterwei, Tsjerkepaad, Van der Feltzstrjitte, Warrensterwei, Welgelegen, Westerein, Wyldemerkwei.
Ofbylden </center>
Sjoch ek Fryske doarpen
Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân-Sleat