Sondel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, eastlik fan de bosken. Oan de súdkant fan Sondel lizze de grutte pleatsen dy't grinzgje oan de seedyk dêr’t de Iselmar efter leit. Westlik fan Sondel lizze de Gaasterlânske bosken, besuden leit it natoergebiet "de Leien". Yn de himrik fan it doarp leit de buorskip Delbuorren en in part fan de buorskip Teakesyl.

Sondel hat ynwenners ().

Skiednis

It doarp Sondel is tusken 1200 en 1300 ûntstien en ûntlient syn namme oan in sânich plak by in boskje. Yn âlde geskriften wurdt it ek Sendel, Senderaland, Sindel, Syndel, Sonderaland, Sundel en Sûndel neamd. Yn 1429 hat der in fjildslach west by Sondel tusken Skieringers en Fetkeapers. Yn Sondel stie it ferneamde slot Beuckenswyk. Hjoed-de-dei stiet op it stee in pleats mei twa grutte wapenstiennen út de eardere iuwen.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie dêr in Dútsk barakkekamp mei ôfhark- en radarapparatuer en twa militêre stellingen.

Mienskip It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't syn gearkomsten hat yn it doarpshûs De Bining. Sûnt 2004 is der in feestkommisje. Fjouwer kear yn 't jier ferskynt it boekje "Praat".

Skoalle De basisskoalle, kristlike bassiskoalle "Op 'e Terp", dy't yn 1921 iepene waard, waard yn 2020 sletten. Der is in pjutteboarterplak, "Hummelterp".

Tsjerke

De Haven is de eardere herfoarme tsjerke fan Sondel. Sûnt 2007 is it ien fan de trije tsjerken fan de PKN-Aldemardum-Nijemardum-Sondel. De tsjerke datearret út de 19e iuw en ferfong in âlder tsjerkegebou. De skiednis fan de tsjerke giet werom op in grutte tsjerke út de 12e of 13e iuw, dy't oan de apostel Andréas wijd wie.

Ferienings

Histoarysk Sondel Toanielferiening "It Begjin" Begraffenisferiening "De Laatste Eer" Biljertklub Sondel Bilsjongers - koar "De Tsjasker" - toulûken

Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2021 Ynwenners 382 488 466 284 249 390 400

Berne yn Sondel Pieter Boomsma (1941), predikant Freark Smink (1948), akteur, toanielspiler en regisseur Jacobus Q. Smink (1954-2024), skriuwer en ûnderwizer

Eveneminten De Sondeler Bil is in middenstânsbeurs foar de Súdwesthoeke dy't om de twa jier yn Sondel holden wurdt.

Ferskaat Oan de Noarderreed, tichteby de Bremer Wyldernis, is in selspluktún. It Gaasterlânsk Streekmuseum is yn 'e Eppinga Sate fêstige.

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Sondel rint de folgjende busline:

Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân

De busline troch Sondel wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Beamkamp, nei in allinnichsteand bosk Beuckenswijkstrjitte, nei it eardere slot Beuckenswijk Delbuorsterwei, paad nei Delbuorren. It Gaestdykje, nei de geastgrûn dêr't it dykje op leit Heechpaed, in heger lizzend earder sânpaad Jacobus Boomsmastrjitte, nei Jacobus Boomsma, in fersetstrider yn 'e Twadde Wrâldkriich Krúspaed, nei in krusing fan diken De Leijen, nei de Sondeler Leien Noarderreed, Sondelerdyk, in âlde slieperdyk om tsjin it wetter fan de Sudersee te beskermjen Sondelerleane, earder 'Sintel neamd, eartiids in sânpaad Swaaigat'', nei de eardere haven oan de Sondeler Feart

Sjoch ek Fryske doarpen Slach by Sondel.

Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren