Wikel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdlik fan de Sleattemer Mar tusken Balk en Sleat. Yn de himrik fan it doarp lizze de buorskippen De Bargebek en Iwert.
Wikel hat ynwenners ().
Skiednis Yn 1132 wurdt it doarp foar it earst neamd as Wicle, Wycle of Wile. Dy boarne is yn in kopij út 1245 oerlevere. Yn 1422 komme Wickell en Wycla foar. Yn 1664 komt Wyckel op 'e kaart foar en yn 1700 Wykel. It twadde part fan de namme wurdt yn ferbân brocht mei *lo/*la (iepen plak yn 'e bosk) en it earste in persoansnamme Wike.
It gebiet súdeastlik fan de De Luts yn Balk en westlik fan De Ie yn Sleat hearde oarspronklik ta de himrik fan Wikel.
Tsjerke thumb|left|Fêste Boarchtsjerke Yn de buorren stiet de Fêste Boarchtsjerke, de herfoarme tsjerke út de 14e iuw. Doe wie it in krústsjerke, no in sealtsjerke dy't wijd wie oan Sint-Gregoarius. De liedklok is fan 1388. Yn de tsjerke leit it prielgrêf fan baron Menno van Coehoorn (1641-1702) de ferneamde festingbouwer. It leit tusken de grêfstiennen fan syn soannen Hindrik Casimir († 1756) en Gozewijn Theodoor († 1736). En stiennen foar in skoansoan fan Gozewijn Theodoor fan Coehoorn, Frederik Willem fan Limburg Stirum († 1747) en Menno syn dochter Geertruyd Alegonde († 1737). Oan de râne fan Wikel leit it oan de Menno van Coehoornbosk. Yn dy bosk, ek wol de "Du Toursbosk" neamd, stie fan likernôch 1680 oant 1811 it slot Meerenstein fan de baron Van Coehoorn. Dêr steane ek in soad stinzeplanten. De bosk wurdt beheard troch It Fryske Gea.
Mienskip 260px|thumb|Doarpshûs Irene, dat foar 1992 in skoalgebou wie 260px|thumb|Sicht op Wikel út id súdwesten wei 260px|thumb|Wikel Yn Doarpshûs Irene hat de feriening foar Doarpsbelang syn gearkomsten. Om 'e twa jier wurdt it Wikelerfeest organisearre. Op it iepen plak yn de bosk leit no de iisbaan.
Tsjerke PKN-gemeente Wikel
Ferienings "De Kromme Keu" - biljerten "Fanfare Melodia Wijckel" - muzyk "Oan Set" - damjen en skaken DTG - kuorbal "De Bargebeck" - toanielferiening Sleat - tennisferiening De Laatste Eer - útfeartferiening Wikel Van Coehoorn - iisklup
Befolkingsferrin 1954 1959 1964 1969 1974 2008 2012 2023 890 862 836 757 706 707 681 650
Berne yn Wikel Edzard van der Laan, dokter en fersetsstrider Pieter Leffertstra, politikus Marike van Dijk, muzikante Marrit Leenstra, reedrydster
Ferneamde (âld-)ynwenner Menno fan Coehoorn
Ferskaat Yn 2005 ferskynde der in boek oer de skiednis fan Wikel. Yn it tichteby lizzende natoergebiet de Sânpoel stiet ek in tsjasker.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Wikel rinne de folgjende buslinen:
Line 41: De Lemmer - It Hearrenfean fia Balk Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân
De buslinen troch Wikel wurde fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Bargebekwei: yn 'e folksmûle komt de namme De Bargebek oan in stik lân dy't op 'e kaart in foarm fan in bargesnút hat. Sûnt 1846 stie der op de trijesprong it hearehûs Jachtlust. Bonnebrekkenwei: neamd nei de yn 'e omkriten lizzende natoergebiet de Bonnebrekken. De Iedyk: fan Teakesyl nei Sleat rint it farwetter De Ie en is dus de dyk by De Ie del. De Vinkebuorren:neamd nei de persoan Vinke dy't dêr wenne. Dokter Hattinkstrjitte: nei twa geslachten Hattink dy't as húsdokter yn Wikel wurksum wiene. Hendrikus Hattink (1865-1942) wie húsdokter fan 1890 oant 1930 en syn soan Jan Hendrik Hattink (1900-1964) wie dat fan 1930 tot 1964. Du Toursstraat: nei de âlde namme fan de Van Coehoornbosk. Festing: nei in festing, mooglik om't Menno Fan Coehoorn in festingbouwer wie. Gaestfjûrwei: nei de pleats “It Gaestfjûr”. Dy pleats hat yn 'e Twadde Wrâldkriich in grutte rol spile by wapendroppings. De pleats waard yn 1945 yn brân stutsen en yn 1954 weropboud. Heerenhoogweg: Heerenhoogh is op al op âlde kaarten te finen. Iwert: op âlde kaarten is de namme Ybert (Ieburd) te finen. Burd betsjut ouwer. De Ybert wie de namme fan de ouwer fan De Ie. Yn 'e folksmûle waard de namme Ybert omfoarme ta Iwert. Jachthavendyk: de dyk nei de jachthaven. Jachtlustweg: nei it hearehûs Jachtlust yn 'e buorskip De Bargebek. Jeen Hornstraweg: nei Jeen Hornstra (1900-1945) dy't op in pleats oan dy dyk wenne. Yn 'e kriich waard er troch de Dútsers arrestearre om't se fermoeden dat er wapens ferburgen hie. Op 17 maart 18945 waard er yn Dunegea fusillearre. Lunenburgpaed: Pieter Lunenburg wie de grutte foarfjochter en stifter fan de Grifformearde Tsjerke Wikel. Lynbaan: nei in eardere touslaggerij en lynbaan. Lytse Jerden: nei de streek Lytse Jerden Meerenstein: nei it bûtenferbliuw fan de famylje fan Menno fan Coehoorn. Menno van Coehoornweg: nei Menno, baron fan Coehoorn (1641-1704). Munnikeleane: de leane is part fan de rûte dêr't eartiids muontsen fan Starum nei it kleaster fan Aduard rûnen. Sânmar: op âlde kaarten komt de namme Zandmeer foar. Suderséwei: nei de eardere Sudersee. Vogelzangwei: nei de begoede famylje Vogelzang
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens Webside fan Wikel
Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren