Murns is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren. Murns leit súdlik fan Bakhuzen oan de Iselmar. Oant 1955 foarme Murns mei Bakhuzen ien doarp. It doarp hat ynwenners ().

Skiednis Yn 'e 13e iuw waard de plaknamme Midlinghe neamd. Oare nammen wiene Midlinghe of Middelingh (1325), Middelen (1399), Midlutze (1414), Mirlense (1505), Myrns (1537) en Myrlns (1544). De plaknamme soe nei alle gedachten der op tsjutte dat it in plak yn 'e midden lei en fan it Aldfryske Middila stamme.

Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân. Oant midden 18e iuw stie dêr in tsjerke. Yn de Twadde Wrâldkriich is de eardere klokkestoel fernield troch in delstoartend fleantúch.

Omkriten thumb|250px|left|Murnzer Klif It Murnser Klif jout in moai útsjoch oer de eardere Sudersee. By moai waar is Inkhuzen te sjen. De earste kilometer foar de kust bestiet út helder ûndjip wetter. Tusken Murns en Riis leit de Rysterbosk.

By de Iselmar stiet yn it natoergebiet De Mokkebank in lytse wynmotor.

Mienskip Murns wurket op it mêd fan ferieningslibben in soad gear mei Bakhuzen en Riis. It doarpsbelang komt op foar de belangen fan de trije doarpen. Doarpskrante Op 'e Hichte ferskynt alle moannen.

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Murns rinne de folgjende buslinen:

Line 44: Boalsert - Snits fia Gaasterlân Line 103: Starum - Himmelum

De buslinent troch Murns wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Breelenswei, Murnserdyk, Wieldyk.

Galery

Sjoch ek Fryske doarpen

Keppelings om utens Side Bakhuzen-Murns-Riis FB-side Bakhuzen-Murns-Riis

Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân (gemeente) Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren