Kolderwâlde is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdeast fan de Oarden. It is it lytste doarp yn de gemeente, mei ynwenners ().
Geografy Kolderwâlde is ien fan de fjouwer doarpen fan de streek Noardwâlde, dêr’t de oarspronklike gritenijnamme Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde op wiisde. De hiele streek waard yn 1984 by Gaasterlân-Sleat yndield.
Kolderwâlde is it súdlikste doarp fan de Noardwâlder rige. It leit net sa fier ôf fan De Oarden en de Holken, de súdlike útrinners fan de Fluezen. Der is amper sprake west fan komfoarming, yn it noardwesten leit in buertsje fan noch gjin tsien ienfâldige huzen. It doarp bestiet fierder út ferspraat steande, soms monumintale boerepleatsen. Yn de berm steane by de bushalte in rige brûnzen byldsjes op sokkels. It is it wurk fan de yn de buert wenjende Evert van Hemert, dy't de bylderige ‘De famkes fan Kolderwolde’ neamd hat. Sa út en troch komt der in byldsje by, fan de Woudbrug oan de Bokkeleane ta.
Namme De namme kin ferklearre wurde as de Koudumer wâlde (sompe), lyk as de buert Kolderwiske noardlik fan it doarp lei.
Skiednis It tinbefolke streekdoarp leit yn it suden fan in leechlizzend gebiet. Ea wie it hjir in boskeftich gebiet. Troch de feanterij tusken 1830 en 1860 lizze stikken lân bytiden in meter leger as de omlizzende stikken. De polders fan no jouwe in rom útsjoch. Nei't it lân yn 1835 bedike waard, koe der turf wûn wurde yn de Grutte Noardwâlder Feanpolder. Op de gritenijkaart yn de atlas fan Eekhoff is te sjen dat de feanterijen al folop oan 'e gong wiene. Op deselde kaart stiet oan it súdwestlike begjin fan de streek it eardere tsjerkhôf fan Kolderwâlde yntekene. Dêr hat oant 1840 in tsjerke sûnder toer stien. No is op dat plak allinne in boskje kaphout te finen.
Keunst Oan de Oardenwei dy't troch it doarp rint, steane bylden fan de pleatslike keunstner Evert van Hemert.
Mienskip Befolking
1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2013 2023 51 80 77 82 87 85 70 60 40 (Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)
Sport Kolderwâlde hat mei de doarpen Aldegea en Ealahuzen in fuotbalferiening, SF De Wâlde. dy't yn Aldegea fêstige is.
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Kolderwâlde rint de folgjende busline:
Line 45: Snits - Himmelum fia Wâldsein
De busline troch Kolderwâlde wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Feanenwei, Oardenwei, Ritlânswei.
Kategory:Doarp of stêd yn Himmelumer Aldefurd Kategory:Doarp of stêd yn Gaasterlân-Sleat Kategory:Doarp of stêd yn De Fryske Marren