Steggerda (Stellingwerfsk: Steggerde) is in doarp oan de súdlike kant fan de Linde en súdeastlik fan Wolvegea yn de gemeente Weststellingwerf. It heart dêrmei wat ynwennertal en oerflak oanbelanget by de gruttere doarpen fan 'e gemeente.

Steggerda hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis Steggeren ûntstie yn 'e midsiuwen. De Stellingwerfske foarm fan Steggerda is Steggerde, in ôfsliten foarm fan it eardere "Steggerden", ek wol as "Steckarden" skreaun.Steg is ôflaat fan stigen, yn oarsprong is steg in ferhege paad troch in leechlizzend of sompich stik grûn. It twadde lid gerden betsjut omsletten romte of erde = eert ofwol greide.

Nei de reformaasje bleau Steggerda foar in grut part trou oan it roomske leauwe. Yn 'e 17e en 18e iuw waard in soad turf groeven yn Steggerda.

It doarp bestiet út Steggerda-Tsjerke, grinzjend oan Pepergea en Steggerda-Feart. Steggerda-Tsjerke thumb|left|Sint-Frederikustsjerke Steggerda-Tsjerke foarmet mei de Oerbuorren it westlike diel fan it doarp. Sûnt 1759 stie oan de Oerbuorren in skûltsjerke, net mear as in skuorre mei in souder dy't ûnder foar de hynders en boppe as tsjerke brûkt waard. De earste roomske tsjerke fan Steggerda nei de reformaasje waard pas yn 1839 boud. Dy tsjerke stie ek oan de Oerbuorren en waard yn 1921 ôfbrutsen nei't de nije Sint-Frederikustsjerke oan de Pepergeawei boud waard. Ek de katolike Frederikusskoalle stiet yn dit diel fan it doarp.

Steggerda-Feart thumb|left|Steggerda-Feart Likernôch in kilometer east fan Steggerda-Tsjerke leit Steggerda-Feart. Dêr stiet oan de Kosterwei de protestantske tsjerke fan it doarp. Steggerda-Feart hie in protestantsk-kristlike en in iepenbiere basisskoalle, dy yn 2007 respektivelik yn 2019 sletten binne.

Tusken 1907 en 1979 hie Steggerda in molkfabryk. 'De Takomst' stie oan de Pepergeawei en oan 'e Steggerdersleat, dy't in ferbining hie mei de Linde. It âlde molkfabryk waard neitiid brûkt as feilinghûs en is yn de simmer fan 2007 sloopt om plak te meitsjen foar wenten.Zuivelfabrieken Friesland, oproppen 29 juny 2023

Mienskip De yn 2019 sletten iepenbiere skoalle is it multyfunksjonele sintrum Multisteck fan it doarp. It doarp hat in feriening foar doarpsbelang en de doarpskrante De Hoeksteen ferskynt ienris yn it fearnsjier.

Tsjerken thumb|260px|Eardere herfoarme kapel, it Westsertsjerkje

PKN-gemeente Lindestreek Petrus en Paulusparochy

Oan de grins mei Drinte stiet noch krekt yn 'e himrik fan Steggerda oan 'e Westfjirdeparten it Westertsjerkje. It Westertsjerkje wie fan 1935 oant 1962 in herfoarme evangelisaasjegebou. Dêrnei die it noch oant 1979 as sneinsskoalle tsjinst. Hjoed-de-dei is it tsjerkje fan binnen ferboud ta in fekânsjehûske.Reliwiki, oproppen 29 juny 2023

Skoalle Roomsk-katolike Frederikskoalle

Ferienings Folleybalferiening Steggerda Iisklub Foarútgong Judoferiening De Splittinge Karnavalsferiening De Bûtenbieners Koar Idem Dito Kuorbalferiening Forward Muzykferiening Crescendo Tennisferiening Slach '87

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2007 Ynwenners 560 1232 1136 1150 1102 1124 1114 Jier 2015 2020 Ynwenners 1055 1070

(Boarnen: 1840: Plaatsengids.nl; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

It besjen wurdich thumb|260px|Stoom-suvelmuseum It Stoom-suvelmuseum is in lyts museum mei in samling saken oer it molkfabryk yn Steggerda.

Op de hoeke fan de Steggerdawei/Mulderstrjitte stiet in mânske swerfstien op in sokkel dy 't 200.000 jier lyn oanfierd waard út Skandinaavje yn de tredde iistiid.

Krekt bûten de buorren stiet ien fan de fjouwer Stellingwerfske Saksyske pleatsen (de oaren steane yn Aldeberkeap en yn Boyl). Dy fan Steggerda is it bêste bewarre bleaun.

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Steggerda rinne de folgjende buslinen:

Line 17: It Hearrenfean - Noardwâlde fia Wolvegea Line 217: Wolvegea - Stienwyk fia Noardwâlde

De buslinen troch Steggerda wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten thumb|260px|Turfhoekewei Boppewei, Bûtenwei, C Westerveldstrjitte, Ericawei, H Deddenstrjitte, Liemwei, Mulderstrjitte, Nije Boppewei, Oerbuorren, Pastoar Schuttestrjitte, Pepergeawei, Rûne Menning, Schokkersfean, Steggerdawei, Tjalling Nijkstrjitte, Turfhoekewei, Feartwei, Westfjirdeparten, Suderwei.

Publikaasje(s) "Steggerda, et peadtien weromme Sjoch ek Fryske doarpen.

Keppeling om utens Webstee Doarpsbelang Steggerda

Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf