Easterstreek (Stellingwerfsk: De Oosterstreek; Nederlânsk: Oosterstreek) is in doarp east fan Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf.

It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis Yn de 19e iuw ûnstie der lintbebouwing oan de wei fan Noardwâlde nei Boyl. Sûnt 1988 hat de eastlik fan Noardwâlde lizzende streek de status fan doarp.

It oarspronklik lânskip fan 'e himrik bestie eartiids út heechfean, dat ôfgroeven waard yn 'e tiid fan de turfwinning. De sleat bylâns de Dwersfeartwei waard yn 'e twadde helte fan de 17e iuw foar de ôffier fan wetter en turf groeven as de Easter-Boppe-Dwersfeart.

Mienskip It Kafee Doarpshûs is in multyfunksjonele sintrum fan it doarp. It doarp hat in pleatslik belang en de doarpskrante 'Keek op de Streek' wurdt elts fearnsjier útjûn.

Skoalle Basisskoalle Matthijsje.

Ferienings Biljertferiening Toanielferiening Easterstreek Feestferiening Easterstreek Fuotbalferiening 'Oosterstreek' Hanomagklub Krúsbôgeferiening BSO

Eveneminten 'Over de Hegfestival'.

Berne Jeltje Baas (1944), byldzjend keunstner.

Bustsjinst Ferskaat Sûnt 2017 is der yn it doarp 't Ballingehof, in edukatyf sintrum foar hynders mei gedrachsproblematyk. De Streekerhof is in lytse ôfdieling fan Trajectum, in soarchorganisaasje dy't spesjalistyske behanneling jout oan minsken mei in lichte ferstannelike beheining of minsken mei in forinsyske eftergrûn.

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Easterstreek rint de folgjende busline:

Line 18: Stienwyk - Easterwâlde fia Noardwâlde

De busline troch Easterstreek wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Dwarsvaartwei, Grinswei, Hooltpad, Easterskefjildwei, Easterstreek, Skoalstrjitte, Stienpaad.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Keppeling om utens It besjen wurdich

Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf