Finkegea is in doarp súdwest fan Noardwâlde yn de gemeente Weststellingwerf. In echte kearn hat it doarp net, de measte minsken wenje in ein út inoar.

It doarp hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.

Skiednis De doarpsnamme hat neat te krijen mei de fink as fûgel. Fingegea lei eartiids tusken hege feanen bylâns de provinsjegrins en de feangrûnen yn 'e delling fan 'e Linde en it leit yn 'e reden dat it doarp de namme ûntliende oan de feanterij.

'Finke' soe 'leech feanlân' betsjutte kinne, mar yn Midden-Nederlân is in fink ek in minne turf. Tal fan plaknammen yn âlde Nederlânske feanstreken binne gearstald mei 'fink’ yn 'e betsjutting fan in lichte feansoarte wêrút lichte turf makke waard.

Yn de âldste oarkunden wurdt de plaknamme skreaun mei de begjinletter 'F', wat mooglik ynfloed fan it Frysk west hat wêryn't de 'f' de 'v' ferfangt. Yn rintmasterrekkens fan Eaststellingwerf wurdt it plak yn 1526 al mei in 'V' as Vinckegae skreaun.

It doarp wie eartiids tsjerklik by it âldere Steggerda yndield en waard dêrom ek wol Nije-Steggerden neamd.

Mienskip Yn 2010 waard de tsjerke fan Finkegea nei in tiid fan ferfal oernommen fan de tsjerkemienskip troch de Stifting Behâld Finkegea.Frysk Deiblêd, Kerkgebouw Vinkega in de steigers, 1 april 2018Reliwiki, oproppen 8 july 2023 De tsjerke waard renovearre en ferboud ta it multykulturele sintrum fan it doarp. Sûnt de jierren 1970 hie de toer gjin spits mear, dy't eartiids fanwegen brekfalligens ferfongen wurde moast troch in ûnsjoch ôfdak. Yn 2022 krige de eardere tsjerke en it hjoeddeiske doarpshûs wer in spits, dy't oarspronklik op de kapel fan it katolike sikehûs Joannes de Deo yn Haarlim stien hat.Omrop Fryslân, 4 maart 2021 De feriening fan Pleatslik Belang is yn oktober 1987 stifte.Side Finkegea

Tsjerke

PKN-gemeente Lindestreek

Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2007 Ynwenners 344 386 389 311 217 237 207 Jier 2015 2020 Ynwenners 198 200

(Boarnen: 1840: Plaatsengids.nl; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Eveneminten Peaskefjoer (earste peaskedei)

Gaswinning Yn 'e himrik fan it doarp leit yn in grutter gebiet in gasfjild, dêr't de firma Vermillion oant 2032 gas winne mei. Fanwegen it sakjen fan de boaiem besocht in ynwenner oant de Ried fan Steat dêr om 'e nocht earder in ein oan te meitsjen. Ferskillende organisaasjes lykas de gemeente besochten dêrnei it Ministearje fan Ekonomyske Saken mei wat hja der oer tochten ta in oar beslút te bewegen, mar dy waarden troch de doetiidske minister yn 2021 oan 'e kant skood om't it sakjen fan de boaiem fan goed 5 sintimeter gjin gefaar opleverje soe.Algemien Deiblêd, 12 febrewaris 2021Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat, mynboufergunnings, oproppen 10 july 2023

Ferskaat Yn 1973 waard yn Finkegea de Nederlânske Feriening foar Frijwillige Eutanasy (NVVE) oprjochte. De 'Finkehoeve' is in aktiviteitensintrum foar âlderein en minsken mei in beheining. Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Finkegea rinne de folgjende buslinen:

Line 17: It Hearrenfean - Noardwâlde fia Wolvegea Line 217: Wolvegea - Stienwyk fia Noardwâlde

De buslinen troch Finkegea wurde fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten Noardwâlderwei, Schoollaan, Westvierdeparten, Suderwei.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf