Aldlemmer (Stellingwerfsk: Ooldelaemer) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, likernôch fjouwer kilometer west fan Wolvegea.
Aldlemmer hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis Yn 1165 ûnstie it plak yn in gebiet dat doe Lammerbruke neamd waard, dat oerset in sompich gebiet fan Lamer betsjut. It doarp waard yn 1320 Oldenlameren neamd, yn 1408 Olde Lemmer, yn 1579 Aldelemmer en yn 1664 Olde Lemmer.
By it doarp leit in boarput om fan ûnder de Tsjûkemar en noardlik fan Dolsterhuzen gas wei te heljen. Nettsjintsteande it ferset fan de Fryske oerheden en de Aksjegroep Tsjingas Tsjûkemar, mei it bedriuw Vermilion Energy dêr sûnt 2023 nei in rjochtssaak oant 2040 gas weihelje. De staatssekretaris van Ekonomyske Saken en Klimaat hie dêrta nammentlik in fergunning foar ôfjûn.Stellingwerf, 28 febrewaris 2023 Mienskip thumb|left|Skoalle It doarpshûs hjit 't Griffioentje.
Tsjerke Tsjerke fan Aldlemmer (PKN)
Skoalle Iepenbiere basisskoalle 'De Lamer'
Ferieningen Gymnastykferiening 'Sport staalt spieren' Iisklub 'Voorwaarts'
Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2014 2021 Ynwenners 426 400 352 270 256 170 231 235
Berne Wesselius Marcus Houwing (1831-1907), politikus. Jaap Dijkstra (1943), politikus
Wynmotors By Aldlemmer steane in seistal lytse Amerikaanske wynmotors:
Wynmotor Aldlemmer 1 Wynmotor Aldlemmer 2 Wynmotor Aldlemmer 3 Wynmotor Aldlemmer 4 Wynmotor Aldlemmer 5 Wynmotor Aldlemmer 6
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Aldlemmer rint de folgjende busline:
Line 108: Wolvegea - Skerpenseel
De busline troch Aldlemmer wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alde Maden, Boelstrawei, De Weeren, Hegewei, Haadwei, Tsjerkewei, Tsjerkhofsleane, De Tsjongerwei.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens Webstee Aldlemmer
Kategory:Doarp of stêd yn Weststellingwerf