Oostdijk is in doarp yn 'e gemeente Reimerswaal yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hie yn 2026 sa’n 560 ynwenners en leit tusken Kruiningen en Krabbendijke. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1970 wie Oostdijk ferdield tusken dizze twa eardere gemeenten.
Skiednis en karakter Oostdijk is in jong doarp en is groeid fan 357 ynwenners yn 1980 nei hast it dûbele 40 jier letter. Oostdijk is dêrmei ien fan 'e foarbylden fan in lyts Nederlânsk doarp mei in dúdlike groei yn ynwenners.
Wettersneedramp fan 1953 thumb|left|Trein by Oostdijk op 11 juny 1953. De Wettersneedramp fan 1953 koste yn Oostdijk oan seis ynwenners it libben. De nammen fan 'e slachtoffers steane fermeld op doarpshûs 'Apeldoorn'. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1970 rûnen de grinzen fan 'e doetiidske gemeenten Kruiningen en Krabbendijke troch it doarp hinne. Sadwaande waarden fjouwer slachtoffers fan 'e ramp neamd op in tinkstien by de Herfoarme Tsjerke yn Kruiningen en twa op in tinkteken yn Krabbendijke. Nei de wettersneed skonk de gemeente Apeldoarn it earste doarpshûs, dat ynearsten fan hout boud wie. It doarpshûs is as tank nei de gemeente Apeldoarn ferneamd.
Ynsidint Yn augustus 1971 botste in yntercitytrein mei in snelheid fan 130 km/oere op in ûnbidich swiere izeren doar yn 'e dyk, dy't by heechwetter sletten wurde koe. De stoarmdoar wie yn 1953 foar it lêst brûkt en by swier waar lossketten. It earste diel fan 'e trein rekke fan it spoar en kaam mei in draai fan 180 graden yn 'e greide ta stilstân. By it treinûngemak kamen gjin minsken om.Het Vrije Volk, 04.08.1971
Kategory:Plak yn Reimerswaal