De priis Beantsje fan it Jier wurdt elk jier keazen troch de befolking fan Koudum. De priis is foar Koudumers dy’t har op ien oft oare wize bysûnder foar it doarp ynsetten hawwe. Dizze krijt in Sulveren Beantsje-ynsynje opspjelde en mei him in jier lang Beantsje fan it Jier neame. De namme wurdt dan byskreaun op de earelist dy’t yn doarpshûs De Klink hinget. Elts kin in stim útbringe op in eigen kandidaat. De sjuery bestiet út de redaksje fan Koudumer doarpskrante “Bulte Nijs”. "Willem en Pé" wienen de earste Koudumers dy't de earetitel Beantsje fan it Jier opspjilde krigen hawwe. Dit wie in spontane aksje fan buertferiening "Station de Zwarte Haan", op in doarpsjûn ta gelegenheit fan Keninginnedei. Willem en Pé binne huldige foar harren ynset as "regelateurs" by de jierlikse optocht yn de feestwike. It jier derop hat Station de Swarte Haan, no op fersyk fan it bestjoer fan Doarpsbelang, de útrikking opnij regele. It tredde beantsje waard beneamd nei de earste offisjele ferkiezing troch de ynwenners. Doarpsbelang liet de stimbiljetten doar oan doar besoargje mar hie gjin fierdere bemuoienis. De redaksje fan Bulte Nijs foarme de jury. Sa is it dernei oant no ta altyd gien.

Faak binne de winners aktyf op in breed flak, mar wurde guon fan harren aktiviteiten ekstra foar it fuotljocht helle: Jier Winner foar en ek foar 2021 Ulfert de Jong ynset foar de Koudumer mienskip 2020 2019 Joeke de Lange Doarpsbelangen 2018 Uilke de Vries winkeliersferiening ringstekken 2017 Pietie de Boer direktrise Koudum Foarút trommelkoekbakster en gastfrou 2016 Sierd de Boer bestjoerslid organisator 2015 Durk Venema 2014 Cornelis Bergsma en Pieter Boschma 2013 Marie Bergsma Pries 2012 Jan de Vries 2011 Johannes Haanstra frijwilligerswurk tentoanstellingsorganisator 2010 Piet Zonderland Doarpsbelang 2009 Piet HobmaSietze van der Wal promoasje fan Koudumer beantsjes 2008 Gerben Zwerver Moarreplan Doarpsfernijing 2007 Hindrik de Jong Nostalgysk Album webside Koudum 2006 Herma Bovenkerk byldhouwurk 2005 Rienk Pel Flechtlingenwurk Wrâldwinkel 2004 Maurits Hettinga Doarpshûs Doarpsbelangen 2003 Pier en Gryt de Jong De Klink Sândobbe 2002 Sake de Boer Reade Krús EHBO 2001 Klaaske Pries Tsjerke Simmer 2000 2000 Wiebe Postma Simmer 2000 Wettersport 1999 D. Smits 1998 Teuni Venema-Galema Plattelânsfroulju 1997 Rinnie en Ali Schreur S.C Oeverzwaluwen 1996 Klaas de Vries Muzykkorps 1995 Hennie Sinnema-van Veen EHBO Reade Krús 1994 Jannie Vonk-Bakker De Klink 1993 Durk Bloem aldereinsoas 1992 Gerrit FolkertsmaJan HoekstraUlbe Postma fûnsewinners muzykkorps 1991 Jannie Faber-Dijk help ynfalide buorfrou 1990 Piebe de Vlugt muzyk ynset foar oaren 1989 Petrus de LangeWillem de Hoop jierlikse optocht

Kategory:Koudum Kategory:Fryske kultuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1989