Bath is in buorskip yn 'e gemeente Reimerswaal, yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. Bath hie yn 2026 98 ynwenners.
Skiednis Bath is in earder doarp en hearlikheid op it eilân Súd-Bevelân, provinsje Seelân. It waard troch de wettersneed fan 5 novimber 1530 oerspield, mar dêr al gau wer drûchmakke. De diken brieken op 2 novimber 1532 jitris troch en yn 1536 folge wer it drûchmeitsjen fan it lân, mar yn 1539 barde itselde wer. It duorre goed twa iuwen dat it gebiet yn 1773 wer yndike en drûchmakke waard.
thumb|left|De tsjerketoer fan Bath op in 17e-iuwske tekening. Troch al dy trochbraken wie allinnich de toer fan 'e tsjerke oerbleaun; mar dy is letter ek ynstoart. Fan it doarp is allinnich in buorskip oerbleaun.
De hjoeddeiske tsjerke fan Bath datearret út 1950 en wurdt brûkt troch in gemeente dy't oansletten is by it Bûn fan Frije Evangelyske Gemeenten.
Kategory:Plak yn Reimerswaal Kategory:Eardere gemeente yn Seelân