De Ferkiezing Fryske ûndernimming fan it Jier dy’t nei de earste edysje yn 1989 útgroeid ta in jierlikse tradysje. Hjirfoar is yn 2000 in Stichting ynsteld dy’t de taak hat om ûndernimmings mei kreativiteit en fernijings, dus treflik ûndernimmerskip te nominearjen. Dêrta screent in wurkgroep earst potinsjele kandidaten. Nei in beoardieling presintearret de wurkgroep de bedriuwen oan de sjuery. De sjuery bestie yn 2010 út Sj.H. Galema Deputearre Ekonomyske Saken fan Fryslân, H. Snijder Haadredakteur Ljouwerter Krante, I. van der Wey Managing fan de Friesland Bank en A.J. Zwart, directeur EcoSyle. De sjuery siket dan trije kandidaten út en begeliedet dizze trije nominearren nei de feestlike finale.

De prizen binne in sulveren skulptuer en in cheque (€ 7500,-) fan de Keamer fan Keaphannel Fryslân dy't bestege wurde moat oan PR en kommunikaasje.

Fryske Undernimming fan it Jier wienen: Jier Bedriuw Produkt Plak 2010 Jongbloed drukkerij It Hearrenfean 2009 Holiday Ice iisprodukten Sint Nyk 2008 De Vries skipsbouMakkum 2007 gjin ferkiezing 2006 Vitalis NV helpmiddels Drachten 2005 Tichelaar ierdewurk Makkum 2004 Dokkumer Flaggen Sintrale flaggen Dokkum 2003 Hoekstra ynstallaasjetechnyk Suwâld 2002 CSK Food fiedings yngrediïnten Ljouwert 2001 Asset Control finansjele software Lippenhuzen 2000 gjin ferkiezing 1999 gjin ferkiezing 1998 De Haske Publikaasjes blêdmuzyk Aldehaske 1997 Biddle klimaatbehearsking Koatstertille 1996 Rentex Floron tekstylwaskerij Boalsert 1995 Rooth Multi-service skjinmeitsjen Snits 1994 AVEK bêden Surhústerfean 1993 Farmex betoneleminten Drachten 1992 Bijkon staal- en systeembou De Harkema 1991 DuinenZathe attraksjepark Appelskea 1990 Pâques BV biotechnology Balk 1989 Koga BV fytsen It Hearrenfean

Kategory:Ekonomy fan Fryslân