Rilland is in doarp yn 'e gemeente Reimerswaal yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hie yn 2026 3.002 ynwenners. Rilland is it meast eastlike doarp yn 'e "sturt" fan Súd-Bevelân en leit net fier fan it Skelde-Rynkanaal en de provinsjegrins mei Noard-Brabân.
Skiednis It hjoeddeiske Rilland is neamd nei in doarp mei deselde namme, dat foar in grut part ferlern gie by de Sint-Feliksfloed fan novimber 1530. De âlde kearn fan Rilland lei yn 'e Rietlandpolder; de hjoeddeiske lizzing ferskilt in pear kilometer mei de âlde lokaasje.
Yn 'e 17e en 18e iuw waard in begjin makke mei it weromwinnen fan it ferdronken lân. In gefolch fan 'e stoarmfloed fan 1530 wie it op 'e nij ûntstean fan 'e Hinkelinge, in âlde wetterrin. Yn 1656 kaam dêr troch yndiking fan 'e Eastpolder in ein oan. Yn dy tiid waarden ek de Mairepolder en de Valkenissepolder ynpoldere. Yn 1754 wiene de earste plannen om de Reigersbergschepolder te bedykjen klear, mar de feitlike bediking sette troch strideraasjes fan 'e ambachtshearen earst yn 1773 útein. It bedikingswurk eine net sa bot en troch ûntefredenens oer de leanen ûntstie op 25 maaie 1773 in staking, dy't mei militêre ynset brutsen waard. Sa'n trijehûndert polderwurkers, ôfkomstich út East-Fryslân, waarden nei hûs stjoerd. Nei de bediking waard it nije doarp Rilland stifte. Yn 1782 stiene der tsien arbeiderswenten, in smidterij, in weinmakkerij, in herberch en in skoalle.
Yn 'e nacht fan 1 febrewaris 1953 waard ek Rilland troch de Siuwske oerstreamingsramp troffen. As gefolch fan it trochbrekken fan in dyk by Bath stie ek Rilland folslein ûnder wetter. De doetiidske boargemaster Josephus Abraham de Goffau fan Rilland-Bath ferdronk by in besykjen om minsken mei in bus út Bath te evakuearjen. By dy aksje kaam ek de busjauffeur om it libben. Meiïnoar ferdronken dy nacht 12 minsken út de doetiidske gemeente troch it wettergeweld.
Fan 1811 oant 1816 en fan 1878 oant 1970 foarme Rilland tegearre mei Bath ien gemeente. Yn 1970 gie de gemeente Rilland-Bath op yn 'e doe nije gemeente Reimerswaal.
Kategory:Plak yn Reimerswaal Kategory:Eardere gemeente yn Seelân