Waarde is in doarp yn 'e gemeente Reimerswaal yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hie yn 2026 1.464 ynwenners. It doarpsgebiet fan Waarde leit oan 'e Westerskelde.

Skiednis Waarde wie oant 1 jannewaris 1970 in selsstannige gemeente en om't ek it doarp Valkenisse by de gemeente hearde, waard dy gemeente ek wol 'Waarde en Valkenisse' neamd. Tegearre mei de gemeenten Rilland-Bath, Krabbendijke, Kruiningen en Yerseke waard dy gemeente gearfoege ta de nije gemeente Reimerswaal.

Fanâlds hie it doarp in agrarysk karakter en noch altyd libje in soad ynwenners fan 'e fruittylt; benammen appels en parren wurde in soad ferboud.

Toerisme thumb|left|Standermûne "De Hoed". De yn 'e roomske tiid oan Marije en Jakobus de Meardere wijde PKN-tsjerke fan Waarde giet werom op in gebou út de ein fan 'e 14e iuw. De tsjerke baarnde yn 1589 troch bliksemynslach ôf en waard doe lytser werboud. Sûnt 1583 is it in protestantske tsjerke. In bysûnder monumint yn it doarp is de standermûne "De Hoed". Yn it gebiet komme in soad minsken om te fytsen, te kuierjen of te fiskjen.

Befolking It doarp hat in oerhearskjend otterdoks-protestantsk karakter. De SGP is by ferkiezings steefêst fierwei de grutste partij. De mearderheid is lid fan 'e Grifformearde gemeente. Fanwegen de groei fan it ledetal is yn 2010 in kompleet nij tsjerkegebou delset mei likernôch 650 sitplakken. De gemeente telde anno 2023 sa'n 850 leden. Dêrnjonken is in grut part lid fan 'e PKN-gemeente.

Opfallend is dat it doarp in soad ûndernimmers telt.

Kategory:Plak yn Reimerswaal Kategory:Eardere gemeente yn Seelân