's-Heer Hendrikskinderen is in doarp yn 'e gemeente Goes, yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hat 1.224 ynwenners (2026). It doarp leit op in útrinner fan streamrêch, dêr't ek Goes op ûntstie. De tsjerketoer fan 'e herfoarme Nikolaastsjerke, mei de bynamme de 'Peperbus', datearret út de 15e iuw. It tsjerkegebou is boud yn 1807, nei't de âlde tsjerke fanwegen boufalligens ôfbrutsen wie. Yn 1870 waard de konsistoarje yn gebrûk nommen. Sûnt de jierren 1980 binne der troch de geunstige lokaasje by Goes oan 'e bûtenkant fan it doarp in soad huzen byboud. In foarbyld hjirfan is de nijbouwyk oan 'e eastkant fan 's-Heer Hendrikskinderen. Yn 2012 binne dêr 30 wenten bykommen.

Skiednis 's-Heer Hendrikskinderen ûntstie yn 'e midsiuwen as ringdoarp om in tsjerke hinne. It plak wurdt foar it earst yn 1267 as Ecclesiam Henrici neamd, "tsjerke fan hear Hendrik". De namme ferwiist nei Hendrik fan Schenge, dy't om 1200 hinne ambachtshear wie fan it gebiet. Yn 1198, doe't Dirk VII fan Hollân in geskink die oan 'e Abdij fan Middelburch, wiene de bruorren Arend en Hendrik fan Schenge (Arnoldus et Henricus de Scinge) dêrby as tsjûgen oanwêzich. It liket derop dat sy dêrnei elk in tsjerke stifte hawwe dy't nei harren ferneamd is: Ecclesia Arnoldi en Ecclesiam Henrici, no de doarpen 's-Heer Arendskerke en 's-Heer Hendrikskinderen. thumb|left|It kastiel fan 's-Heer Hendriksburg (1729). It kastiel 's-Heer Hendriksburch waard tsjin 'e ein fan 13e iuw boud troch de famylje Fan Schenge en lei tichteby it doarp. Yn 'e 18e ieu waard it brûkt as herberch en it waard yn 1803 ôfbrutsen.

Oant 1857 wie 's-Heer Hendrikskinderen in aparte gemeente; op 2 oktober fan dat jier gie dizze op yn 'e gemeente 's-Heer Arendskerke.

Muorreskilderingen Op 'e doarpsskoalle De Poeljeugd binne grutte skilderingen op 'e bûtenmuorren fan Nina Valkhoff te sjen.

Kategory:Plak yn Goes Kategory:Eardere gemeente yn Seelân