AVC is de fuotbalklup fan Seisbierrum. De feriening is oprjochte troch tadwaan fan dûmny Kaatstra. De oprjochtingsdatum wie 24 septimber 1949. Ien fan de bepalingen wie dat der gjin alkohol skonken wurde mocht. De namme AVC is in ôfkoarting fan Algemene Voetbal Club. Der wurdt spile op Sportpark De Lytse Trije oan de Spoardyk, de klupkleuren binne blau en wyt.
Kategory:Fryske fuotbalklup Kategory:Seisbierrum Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1949