De Reade See is in see tusken Egypte en Aazje (it Midden-Easten). Der binne fiif lannen om de Reade See hinne, Dzjibûty, Eritreä, Sûdaan, Egypte, Israel, Jordaanje, Saûdy-Araabje en Jemen. Yn it suden stiet de Reade See yn ferbining mei de Yndyske Oseaan, yn it noarden ferbynt it Suez Kanaal de Reade See en de Midlânske See.

De Reade See is ûntstien troch platetektonyk, de Arabyske plaat beweecht fan de Afrikaanske plaat ôf nei it easten ta.

De Reade See is ferneamd fanwege syn grutte koraalriffen, ûnder oaren by de kusten fan Egypte en Soedan lâns. Dy kustriffen hearre ta meast rike koraalriffen fan de wrâld. Meidat de Reade See oan twa kanten troch grutte woastinen begrinzge wurdt, is it wetter dêr betreklik waarm en helder. De koraalriffen fan it noardlik part fan de Reade See heare ta de meast noardlik lizzende koraalriffen op ierde.

thumb|left|1525px|De Reade See mei lofts Eilat yn Israel en oan de oare kant Jordaanje.

Kategory:Binnensee Kategory:Rânesee fan de Yndyske Oseaan Kategory:See yn Aazje Kategory:See yn Afrika Kategory:Wetter yn Dzjibûty Kategory:Wetter yn Egypte Kategory:Wetter yn Eritreä Kategory:Wetter yn Israel Kategory:Wetter yn Jemen Kategory:Wetter yn Jordaanje Kategory:Wetter yn Saûdy-Araabje Kategory:Wetter yn Sûdan