Nick en Simon is in Folendamsk sangduo dat bestiet út Nick Schilder en Simon Keizer. Sy komme beide út ferneamde Folendammer muzykfamyljes.
Simons heit ferstoar oan maachkanker doe't er 15 jier wie. Hy kaam by Nick yn de klas en se begûnen mei sjongen. It nûmer 'Still searching' skriuwde Simon spesjaal foar syn heit. It duo waard bekend neidat se in soad te sjen wienen yn de reallifessoap fan harren freon Jan Smit. Yn 2006 soarge dat foar in trochbrek mei de singles 'Steeds weer' en 'Vaarwel verleden'.
It ferske De Soldaat 'De Soldaat' is spesjaal skreaun foar de Nederlânske soldaten yn Urûzgan, Afganistan, en harren famyljes thús. Fan de single is op fersyk in nij ferske makke, omdat yn de oarspronklike ferzje de soldaat dea giet. Oan de ein fan it ferske slute de soldaat en syn faam de hannen.
Ek it debútalbum 'Nick & Simon' wie in grut sukses en berikte de top 10 fan de Album Top 100. It album hat wilens de platina status berikt.
2007 Yn jannewaris 2007 wûnen sy de sulveren harp de oanmoedigingspriis foar de talintfolste artysten dy't in wichtige bydrage levere hawwe oan de Nederlânske muzyk.
Begjin septimber 2007 krige it duo harren tredde top 10 notearring yn de single Top 100. De earste single Kijk omhoog fan it nije album Vandaag kaam binnen op nûmer 2. Dit wie in grut sukses. Yn de Top 40 kaam it duo binnen op nûmer 15 yn de wike dat harren debútalbum de platina status berikte komt it twadde album binnen op nûmer 1 yn de Album Top 100. Dat wie foar Nick en Simon harren earste nûmer 1 posysje
Fan septimber 2007 ôf stjoerde de TROS de aventoeren fan Nick en Simon út dy't se ôfrûne simmer belibben mei de 3js en Jan Smit. Yn it programma Jan Smit de simmer foarby. Harren eigen real-life soap is fan 25 novimber ôf te sjen op Nederlân 1. Ek ferskynt dy moanne harren nije album Vandaag. It album berikte op de dei fan útbringen al de gouden status en úteinlik yn desimber platina.
Op TMF Awards wûnen Nick en Simon de alderearste TMF Borsato Award, wêrtroch sy it evenemint ôfslute mochten. Oare nominearre minsken wienen Stevie Ann en VanVelzen.
Yn novimber 2007 krige it duo foar de twadde kear in Rembrant foar it album Hjoed, in priis fan stifting Nederlânsk Muzyk foar albums dy’t ûnderskiedend binne troch oarspronklike Nederlânske komposysjes en/of teksten. Yn 2006 krige it duo al in Rembrandt foar it album Nick en Simon. Se binne de earste artysten dy’t foar twa opienfolgjende albums de priis krigen. Op 23 novimber 2007 waard bekend dat it duo foar it earst - fan niks - nei nûmer 1 gienen yn de Singel Top 100 mei "Pak mar myn hân". Yn de Top 40 kaam it lykwols mar op posysje 28 binnen. Op de earste krystdei stie de single boppe-oan yn de Folendaam Top 100. De manager fan it duo Aloys Buys melde op 23 desimber 2007 dat Nick en Simon yn 2009 optrede sille yn Ahoy (Rotterdam), Mecc yn Maastricht en ek yn de Brabânhallen yn ‘s-Hertogenbosch.
Op 22 septimber is harren nije album Aangenaam útkaam.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Nick & Simon13 maaie 2006Volendam MusicSteeds weer,Verloren,Vaarwel verleden" / "De soldaat,HerwinnenVandaag21 septimber 2007Kijk omhoog,Pak maar m'n hand,Rosanne,Hoe langLuister13 febrewaris 2009Vallende sterren,De dag dat alles beter is,Lippen op de mijne,Het masker,Door jouFier1 oktober 2010Een nieuwe dag,Vlinders,Een zomer langSterker21 septimber 2012Vrij,Alles overwinnen,Ze lijkt net niet op jou,Julia,GeluksmomentOpen18 septimber 2015Open je hart,Met dank aan jou,Ik weet dat je sterker bentAangenaam29 septimber 2017NSG6 novimber 2020
Live-albums Album Utbrocht op Label Symphonica in Rosso25 novimber 2011 Artist & Company
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opHerinneringen –Het beste van Nick & Simon20 juny 2014
fierder Christmas with Nick & Simon – Merry X-mas Everyone! - 13 oktober 2013 Ein neuer Tag - 11 april 2014 Christmas with Nick & Simon – It's Beginning to Look a Lot Like Christmas - 7 novimber 2014
Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Sjonger fan it libbensliet Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer