Langwert is in poldermole en ryksmonumint 400 meter súdeast fan it doarp Winsum yn de gemeente Waadhoeke.

Skiednis Yn 1863 (of 1866) waard in mûne op it plak boud, dy't yn 1974 ôfbaarnde. Oan de Stjelpdyk stie noch in tige ferrinnewearre mûne by de pleats fan J. Fekkes, dy't dêr 25 hektare lân bemealle hie. It achtkant fan dat mûntsje waard yn de jierren 1978-1979 by de restauraasje fan de ôfbaarnde mûne brûkt. In grut part fan de Langwert bestie doe lykwols út nij materiaal.Molendatabase, oproppen 8 oktober 2022Molendatabase, oproppen 8 oktober 2022

Foarhinne wie de mûne eigendom fan de gemeente Littenseradiel en mei de opheffing fan de gemeente gyng it eigendom oer op de gemeente Waadhoeke.

Beskriuwing De mûne is in mealreeë achtkante muonts op mitsele fjildmuorren. It achtkant is ôfdutsen mei oer inoar hinne spikere planken. De wjukken fan de mûne binne Aldhollânsk ophekt en hawwe in flecht fan 11,70 meter. De mûne meallet yn sirkwy.

Sjoch ek Mole yn Fryslân

Keppeling om utens Moledatabank, Databank fan Ferdwûne moles yn Nederlân - Mole fan Tsjilbert, Winsum Moledatabank - Winsum, Langwert De Hollandsche Molen - Langwert te Winsum

Kategory:Winsum (Fryslân) Kategory:Muonts (mole) Kategory:Mole yn De Waadhoeke Kategory:Ryksmonumint yn De Waadhoeke Kategory:Poldermole Kategory:Bouwurk út 1894 Kategory:Bouwurk út 1979 Kategory:Mole yn Littenseradiel Kategory:Ryksmonumint yn Littenseradiel